Weppers sneon 20-12

Weppers freed 19-12
19 december 2014
Weppers snein 21-10
20 december 2014

A1 sjocht foarút





De A’s krije “mental coaching” fan Mark Postma yn ‘e sporthal.
Dat moat punten opleverje nei de winterstop.

Efkes Balje

Hast in wike foar Kryst wie dizze freed in goeie gelegenheid foar bazen om in krystbuorrel oan te bieden. Tal fan Efkes Ballers koene dus net oantrede. Dat iets te folle reinwetter dizze wike der foar soarge hie dat trainingsfjilden ek net optimaal wiene, die it kwintet wol ballers besluten om de sfear fan de wedstriid wat oan te passen oan Kryst. It trainingsfjild wol net brûke, is der in droech hoekje?
Dêrom mar yn de neare nacht mei lampkes op de holle, op de sokken en de skuon waard wer in moai oerke balle. De ljochtljouwende hesjes soargen foar it ûnderskied. Gewoanwei giet it mei 5 man net troch (dat is echt ien te min) mar fanwege dizze bysûndere sfear dus wol. Allegear winners en foaral allegear doelpuntenmakkers. Mar leafst 83 kear waard der skoard dus ek sûnder ljocht prima te dwaan.
Spitich dat Johan Heerma mei kearzeljocht oan kaam setten en dat like ús net sa’n goed idee. Dy waard trochstjoerd en mocht plaknimme yn de bioskoop yn it Fean en seach dêr yn 90 minuten 83 doelpunten minder en wie fêst net sa lekker wurch as Harry K, Ferrie K, Remco H, Theo P en Aant H.
Op twadde krystdei gjin Efkes Baljen, (sis mar, foar de leave goeie frede thús) mar op 2 jannewaris enersjy foar twa wiken…..
(ah)

Ferkearde sjaal (2)

Yn ús rubryk ferkearde sjalen de twadde foto. Hawwe jim ek noch in ferkearde lizze (twa klups op ien sjaal), mail een foto nei ús.

Letter mear