Weppers freed 19-12

SDS League: Stefan pakt wykpriis!
19 december 2014
Weppers sneon 20-12
20 december 2014

Stand seal
Wij lêze stikjes fan it sealteam en sjogge de lêste tiid foaral oerwinningen. Hoe’t se der no foar steane kinne jim
hjir sjen.

Standen fjild
No’t de winterstop yngien is, is it tiid om efkes nei de tuskenstannen en wat einstannen (jeugd) te sjen. Sjoch
hjir

Reisdiel 2 sit der op
Dirk Yde en Imke binne begong oan harren tredde en lêste part fan de wrâldreis. Dat Dirk Yde al ris mei de liftwedstriid dien hat, kaam him no goed fan pas. Jim kinne
hjir noch lêze hoe’t it yn Nij Seelân wie.

Efkes (net) Balje
At it hjoed flink ôfdroeget soe der dan in droech stikje wêze foar wat Efkes Ballers? Wij tinke it net.

Rektifikaasje Krystsealtoernoai Frjentsjer(1)
Juster melden wy per ûngelok dat Geert Dijkstra en Bote Strikwerda op it Krystsealtoernoai yn Frjentsjer útkomme foar Schroevenkopen.nl. Dit kloppet net hielendal fansels. Bote fuotballet namelijk foar De Scharringa’s.

Rektifikaasje Krystsealtoernoai Frjentsjer(2)
Wytze Lanting is by de seleksje fan SDS kommen foar de foarronde fan sneon fan it Krystsealtoernoai yn Frjentsjer. Dit neidat Skelte ôfsizze moast om ’t hy op syn 30e jierdei samar in “perséop20desimberwykeinstjefuort-bon” krige. Neffens syn freondinne Wytske wie Skelte tige ynnommen mei dit kado.

Foute sjaals
Sjoerd Mossou skreau dizze wike in prachtich stikje yn it AD oer foute sjalen. Jim kinne it
hjir lêze.
Wij binne fansels benijd at der ek SDS-ers (of oaren) binne dy’t foute sjaals hawwe en ús dy sjen litte wolle troch middel fan in foto. De wepmaster dy’t yn feite nea in sjaal omhoecht fanwege natoerlike halsferwarming, hat er al fêst syn net grutte sjalenarchyf trochsocht en kaam al ien tsjin.

Ferkearde sjaal (1)

Grapkes
Nee, wij publiseare hjoed gjin grapkes oer Ajax, hoewol der wol oanlieding foar is sûnt justerjûn. Se binne gewoan de alderalderbesten, dêrom binne se út de CL, de beker en steane se twadde.

Harsens derby(1395)
Falt der samar in deade eekhoorn fan syn kop ôf……