Weppers sneon 17-1

Weppers freed 16-1
16 januari 2015
Weppers moandei 19-1
17 januari 2015

Klaverjasse

Justerjûn is der klaverjast yn de kantine. Fan de organisaasje (Oebele en Sipke) krije wij troch dat der 20 dielnimmers wiene en it seker de muoite wurdich is om it noch ris te dwaan.
De útslaggen binne:
1e priis-  Douwe D Reitsma
2e priis- Djoke Dijkstra
3e priis-Baukje Bruinsma
4e priis- Oebele Anema
5e priis- Hans Zijlstra
De poedelpriis wie foar Annie Sjaarda

Dirk Yde en Imke
Dit sil it
lêste ferhaal wurde fan de reisavontoeren fan Dirk Yde en Imke. Harren reis sit der op. “Knus mei de bus”hjit harren ferhaal dizze kear.

Seal
Bûten kâld en winerich. Binnen sealfuotbal.
Hjir kinne jim sjen hokker seal alvertallen hjoed wer dwaande binne. Fansels hoopje wij dat der wat útslaggen en miskien in fototootsje binnen komt

C’s
De C’s hawwe hjoed harren sealtoernooi yn de sporthal.

SDS 1
Sij reizgje ôf nei Opende om dêr te oefenjen. Supporter Enne J. Bruinsma wol der ek hinne en freget him ôf at der ek oaren binne sadat “autodiele” in opsje is. Je kinne him skilje 06-29974138. Hij wol 13.15 fuort.

Chicagoblues
De Blues leafhawwers kinne jûn telâne yn Noflik Easterein op it New year Chicago Bluesfestival.