Weppers moandei 19-1

Weppers sneon 17-1
16 januari 2015
Nijjierssealtoernooi B-junioren
19 januari 2015

SDS 2 nei Dronryp
SDS 2 traint tiisdeitejûn û.l.f. Piet Roersma om 20.00 oere op it keunstgêrs yn Dronryp.

SDS keunstgerskommisje
De SDS keunstgerskommisje is al inkelde keren byinoar west om plannen te betinken foar it byinoar heljen fan de lêste €60.000,- om de renovaasje fan de boksen, it B-fjild en it keunstgêrs te bekostigjen. Dizze wike mear hjiroer hjir op de webside.


SDS 1
Dizze wike begjint foar SDS1 de kompetysje wer. Kommende sneon moatte se út tsjin sc Joure.
Kommende tiisdei stiet der noch in oefenwedstriid op it programma. Leovardia sil dan de tsjinstanner wêze.

De rest
De rest  fan de senioren, fjildfuotballers , A’s en âld  fuotballers kinne harren alfêst rjochtsje op kommende sneontejûn.
Kommende sneon is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren, A-junioaren, sealfuotballers en âld-leden yn sporthal De Greidhoeke yn Easterein.
It begjint om 19.00.
It soe moai wêze as der in bult lju meidogge.
Jim kinne jim opjaan troch hjir te klikken!
Oan ’t sneon!

SDS D3 yn de seal
Op it fjild rint it net altiid sa se wolle, mar juster yn de seal gong it prachtich mei D3. Se moasten twa wedstriiden spylje yn it Kalverdijkje yn Ljouwert. De earste wedstriid moast spyle wurden tsjin FVC D4. De ploegen wienen aardich weage oan elkoar, mar SDS kriig hieltiid mear kansen. Ungefear healwei de wedstriid, nei sa’n dikke 10 minuten skoarde Remi. No dan duorje de oare 10 minuten wol lang!! Gelokkich hienen se in goeie ferdediging mei Jorrit en Jente en hie de doelman Ruben in pear goeie reddingen. Ek wie SDS noch in pear kear gefaarlik by de goal mei Tristan oan de butenkant, mar it blean 1-0. Doe moasten we in skofke wachtsje. Op papier stie dat se tsjin Nicator MD1 moasten, mar it wie ferkeard troch joun dus it wie in jongesteam. Al gau kaam SDS op in efterstan. Dat wie efkes slikke, mar se gongen troch mei goeie moed. En hoe! Halbe makke de 1-1. Alles wer yn lykwicht! Healwei de wedstriid makke Gerben de 2-1. Nei noch wat minuten skoorde Remi de tredde en Gerrit sette de einstan op 4-1. Prachtich spyle, goed oerpast en moaie aksjes wienen wat Johannes Gerbrandy en ik sjoen hawwe! Super mannen; goed dien!!
Anneke


Durk
Bram Strubbe seach dizze wike in bysûnder fuotbaltreffen. Hij tinkt dat Durk Okkema hjir mear fan wit. Sjoch
hjir.

Harsens derby (1415)
Dit is in reade kaart fansels!