Weppers sneon 11-12

Weppers freed 10-12
9 december 2010
Weppers snein 12-12
11 december 2010

Oefenje
SDS 1 sil fannemiddei om 12.15 op it kuenstgersfjild fan LSC oefenje tsjin VV Nijland 1. It fjild wurdt fannemoarn noch keurd (sjoch hjir).
VV Nijland hat harren op in spesjale manier tarieden op de oefenwedstryd tsjin SDS. Wêr ’t de SDS’ers tongersdei noflik yn de kantine sieten moasten de Nijlânders harren yn it swit jaaie op de bowlingbaan (sjoch hjir).

De seal yn
SDS 2 en 3 traine fannemiddei yn de seal yn Easterein fan 14.00 oan ’t 16.00. Wa’t echt net kin moat him ôfmelde by Jan Stenekes: 06-280 680 51
Allegear efkes €2,- meinimme.

Kaarte

Der wurdt fannemiddei wer klaverjast.
We gean los om 13.30 oere.
Kaarte wer 3 bomen.
De ynlis is 3 euro 
Anny


Titus-toernoaien
De sealtoernoaien op snein yn de sporthal yn Easterein steane ek wer op it punt fan begjinnen. der steane 3 op de aginda:
19 desimber
9 jannewaris (Horeka-toernoai)
30 jannewaris

Sa hie it wêze kind

In moai affysje bliuwt it. Se wiene al klear. Mar helaas der sil der in oare datum op moatte.

Harsens derby (352)
Dat is in flink boltsje mayo: