Weppers snein 12-12

Weppers sneon 11-12
11 december 2010
Weppers moandei 13-12
12 december 2010

Gjin partij
Nijlân 1 wie gjin partij foar SDS 1. Sokke berjochten berikten ús. SDS hie dik winne moatten want der wiene wer kânsen bij de rûs. Trije kear waard it net fûn. Mark Postma (2) en Skelte Anema wiene de doelpuntenmakkers.

Ynhelje?
Foar kommende sneon stiet der noch in ynhelprogramma pland. Wy binne benijd as dat trochgiet. Alle seniaorenteams útsein SDS 2 en 6, soenen dan los moatte lykas de beide frouljusteams en A1. 

Bûtenkategory
16 kaarters/kaartsters striden sneontemiddei om de heechste eare. 15 diene dat op haadklassenivo en ien op bûtenkategory nivo. Feike Jorritsma helle mar leafst 6662 punten nei trije beamkes. Dêrmei liet hij nû twa mar leafst 1330 punten efter him.
Utslach:
1. Feike Jorritsma      6661 punten
2. Wilco Overal           5332 punten
3. Boukje Bruinsma        5271 punten
4. Pytrik Hiemstra            5192 punten

Annie

Annie Sjaarda regelt it kaarten altyd. Sels docht is meast ek mei, mar tusken de bedriuwen troch hâldt se de skoares bij. En at it dan allegear dien is, dan komt it der op oan. Mei in adfokaatsje mei slachreamme binnen hânberik telt se alles op de makket bekend wa’t wûn hat.

Presintaasje
Remco Bervoets en Tjerk van der Pol hiene dizze wike in presintaasje mei it tema: hoe geane je om mei in jeugdalvetal. Wat is wichtich, wêr lizze de ôfspraken en hoe besykje je der in gehiel fan te meitsjen. Net allinne binnen it fjild mar ek dêr bûten. De sjeets fan harren powerpoint presintaasje kinne jim
hjir sjen.

Sjaaltsjes
Je sjogge it hieltiten mear, fyuotballers mei sjaaltsjes om de nekke. Net alle koaches fine dat in goed idee. Der binne sels guon dy’t it ferbiede. Sjoch
hjir.

Harsens derby (353)
Keihurd mar o sa ’n lyts hartsje. Dat kin allinnich mar (Jacob) Kah wêze: