Weppers freed 10-12

SDS League: Faber Boys pakke wykpriis!
9 december 2010
Weppers sneon 11-12
11 december 2010

De seal yn
SDS 2 en 3 traine sneontemiddei yn de seal yn Easterein fan 14.00 oan ’t 16.00. Wa’t echt net kin moat him ôfmelde by Jan Stenekes: 06-280 680 51
Allegear efkes €2,- meinimme.

SDS 1 oefent moarn yn Snits tsjin Nijlan 1
Moarntemiddei om 12.15 oere op it fjild fan LSC spilet
SDS 1 in oefenwedstriid tsjin Nijlan. Se geane fuort om
11.00 oere. Dit is de seleksje:
Jaap
Redmer
Wytze
Mark
Jort
Feite
Feiko
Jacob-Klaas
Jacob v.W.
Harm
Arjan P.
Tsjipke-Klaas
Erik
Skelte
Kristian

Ynlast
De programma’s by de senioaren fan 4 en 11 desimber binne alwer op ‘e nij fêststeld troch de KNVB. Sjoch
hjir mar.

Jeugdbestjoer
Woansdeitejûn wie der in gearkomst foar lieders en trainers fan ploechjes. Binnen it jeugdbestjoer wiene der wat feroarings te melden. Fokje Breimer fan Kûbaard hat it jeugdbestjoer ferlitten en Tecla Klijnsma fan Wommels is der foar yn it plak kommen.

Maatskiplike staazje
De ôfrûne jierren  wie Ab Scheepvaart it oansprekpunt foar maatskiplike
staazje. Dat is no Anja Wijnja. Ek sij sit yn it jeugdbestjoer. Op dit moment docht Wietze Fopma syn maatskiplike staazje bij SDS. Christiaan Plantinga is stasjêre fan it CIOS binnen SDS.

F6?
It hat grutte kâns dat nei dizze winterstop der in F6 bij SDS komt. Neffens ús noch net earder fertoand.

E1
Op de gearkomst kaam ek oan de oarder it ferskriklike kompetysjeferrin fan E1. Sij hawwe noch mar 6 kear fuotballe yn dizze kompetysje. Dat hiene 10 wedstriden wêze moatten. Unferklearbaer is dat der in oantal wiken yn dy poule hielendal gjin wedstriden ynpland stiene. Wij soene sizze KNVB lis dat marris út oan teloargestelde bern en lieders.

Harsens derby (351)
Ha, ha, dy sit!



Letter miskien wol mear!