Weppers sneon 1-5-2021

SDS-League: ‘Op nei de Top’ pakt de wykpriis!
28 april 2021
Moaie opbringst Poiesz-jeugdsponseraksje!
3 mei 2021

Programma sneon 1 maaie

De senioaren hawwe it foarearst wol efkes besjoen om sûnder de 27-plussers op sneon te baljen, mar de jeugd fan SDS sil wol wer allegear los. It programma sjocht der sa út foar hjoed:
9.00 – 10.00 oere: SDS-Minileague
9.00 – 10.00 oere: SDS JO8 oant en mei de JO10
10.00 – 11.00 oere: SDS JO11 en JO12
11.00 – 12.30 oere: SDS JO15
14.00 – 15.30 oere: SDS JO17 en SDS JO19

Klaas de Haan mei de VUT

Ien fan ús topfrijwilligers Klaas de Haan giet mei de VUT. Mar noflik fan genietsje! It is dik fertsjinne! 

Nationale voetbaldag

SDS hat him opjoen foar de alderearste Nationale Voetbaldag fan de KNVB op sneon 12 juny. Jim kinne der hjir alfêst wat oer lêze.

Technyktrainingen

Wy binne drok dwaande om mei Peter Hoogerwerf fan PH-sports in tal technyktrainingen oan te bieden yn de moanne maaie oan de jeugd fan de JO12 oant ent de JO15. Hoe as wat heare jim ynkoarten.

Harsens derby (2298)

Fan de ferhalen fan Gerrie Snel fan ôfrûne moandei by de SDS-online-pubkwis kinne je de helte wol ôfrekkenje fansels…….. As je net hielendal opiten wurde op in training troch in krokodil wolteferstean……