SDS-League: ‘Op nei de Top’ pakt de wykpriis!

Hendrik, Sjoerd en Bote winne de SDS-online-pubkwis!
27 april 2021
Weppers sneon 1-5-2021
1 mei 2021

Hy bungele mar wat ûnderyn, mar hat no it paad omheech fûn. Marten Faber pakt mei “Op nei de Top’ de wykpriis. In moai ferfolch op de 2e priis fannewike al by de SDS-online-pubkwis.

‘BarbEeltsje’ Postma hat de kopposysje wer oernaam fan ‘FC Op nei de Top’ fan Gerlof-Jan Hofstra. Hy docht goeie saken, want hy nimt lyk 15 punten foarsprong. ‘FC Munnaps’ fan Bote Strikwerda stiet 3e op 16 punten ôfstân.

Foar ‘Aan de kant ik moet naar’t stadion!’ fan Sjoerd van Beem kin it seizoen al net stikken no’t hy sa fier boppe ‘Torpedo Toering’ fan Jaap Toering stiet, mar hy loert ynmiddels ek al op in plak yn de top 10. Hy stiet no 11e en liket de gang aardich te pakken te hawwen.

Underyn sprokkelt Thys Bruinsma mei ‘Dy Kloaten’ rêstich noch wat puntsjes en makket him klear foar de poedelpriis.

SDS League 2020-2021 twadde helte stand wike 9