Weppers snein 7-3-2022

Sneon 5-3-2022
4 maart 2022
Foar 10 euries nei sc Heerenveen – Heracles
7 maart 2022

Fjild

De mannen fan de JO19 pakten juster knap in punten yn Toppenhúzen troch mei 1-1 lyk te spyljen. Sy wienen al wat minder te sprekken oer it hobbelige fjild fan TOP’63. It wie dúdlik net TOP en mear de Hel fan ’63……..

5-6

Spesjaal foar Bote Strikwerda stienen der juster sa ’n 5-6 supporters fan him út Spannum te sjen by SDS 3 – Heerenveense Boys 4. Sy hawwe genoaten. Al wie Bote minder tefreden nei de 5-6……..

Toppers

Troch ferskeidene omstannichheden sieten sommige teams juster noch wat krap yn de spilers. De komplimenten geane dan ek út nei de toppers dy ’t juster neidat sy foar harren eigen team balle hienen noch efkes mei in senioareteam meigienen. Dat wie Douwe Vellinga dy ’t nei in helte by de JO19 ek noch mei SDS 2 balle, Eeltsje Bootsma, Tim Sweering en Tom Wijnia dy nei in hiele wedstriid by de JO19 noch by SDS 4 meiballen, Pieter van der Valk dy nei de wedstriid fan de JO17 ek SDS 4 noch efkes fersterken kaam en Sjirk Vellinga en Niels Hiemstra dy neidat sy mei de JO17 fuotballe hienen noch efkes mei SDS 5 medienen mei mannen dy ’t harren pake’s wêze koenen. Ate Schaap hie wat pech. Ek hy soe nei de wedstriid fan de JO17 mei SDS 4 mei, mar hy rekke by de JO17 blesseard.
Mannen, jim binne toppers!

Ald-SDS’er

SDS 4 moast tsjin sc Bolsward 7 en dêrby stie noch in âld-SDS’er yn it fjild; Redmer Strikwerda. Jim krije de groetnis fan him.

Clarence-Sluiertrofee

SDS 5 mocht juster tsjin LAC Frisia in penalty nimme en it like Henk Postma wol wat om tsjin de nûmer lêste dizze penalty der yn te sjitten. Dit gie efkes oars……. Fanút Ljouwert komme ynmiddels de berjochten dat sy de bal noch oan it sykjen binne.

2 linker en 2 rjochter

Douwe-Jan Vellinga soe sneontemoarn by de JO19 syn skuon oanlûke doe ’t hy der efter kaam dat hy 2 linkerskuon meihie. It gerucht giet dat hy de 2 rjochterskuon bewarre hie foar de wedstriid middeis mei SDS 2…….

2e perioade

De mannen fan SDS 4 geane as in speer yn de kompetysje. Nei de winterstop hawwe sy 3 kear balle en alle keren noch wûn. De mannen hawwe dan ek mar ien doel; de 2e Perioade! Dat der hielendal net om fuotbald wurdt yn de Reserve-6e Klasse makket de mannen fansels hielendal neat út.

Foar 10 euries nei sc Heerenveen – Heracles

Op freed 18 maart spilet sc Heerenveen thús tsjin Heracles om 20.00 oere. Hjir kinne je al foar 10 euries hinne. Moarn kinne jim der alles oer lêze hjir op de webside en lyk kaartsjes bestelle.

Harsens derby (2356)

Ajax hat mar wer ris in nije keeper helle. Hjir sille de PSV’ers bliid mei wêze…….