Evenementen in december 2022

Utslaggen 6-2
5 februari 2010
Weppers moandei 8-2
7 februari 2010

SDS 1 – Delfstrahuizen 1    3-4
Trije doelpunten skoare moat oars wol genôch wêze, mar yn dit gefal net. Jelmer makke 2 goals mar miste ek in pingel. De oare goal waard makke troch Feite.

SDS 2- Veenhuizen 1
Al hielendal yn de Pein en dan ek noch op sneontejûn om 19.00 oere. Mar wol winne! Mei 3-2.
Anne makke der ien en Durk twa.

ONS 3 – SDS 3   5-1
In 5-1 nederlaach fan SDS op it keunstgersfjild. De fraach is dan ek at it flatteard wie of in meagere ôfspegeling fan de krêftsferhâldingen? Pieter Kamstra skoarde.

Nijland 4 – SDS 5     2-5
SDS 5 hoechte de hiele profinsje net troch om te oefenjen. Gewoan tichtbij nei Nijlân en op it griene gers. Foarôf  seagen de âldsjes fan SDS mei respekt nei de jonkjes fan Nijlân. Yn it fjild die bliken dat der wol wat te heljen wie. Mei goeie kombinaasjes waard de oanfal socht en doelpunten koene hast net útbliuwe. Harm Auke (2) Jappie (2) en Marco skoarden de 5. Nijlân skoarde ek 2 kear.

Held
Hij hie freedtejûn yntensyf fergadere. Hij koe der mar net genôch fan krije. Hij hie de sneontemoarns in echte fergaderholle. Woe him hast ôfmelde mar mocht yn it doel stean. Hij woe de kjelt troch syn lichem streame litte en keepte yn de koarte broek. Hij ferklomme yn de earste helte hast want fan in pear weromspylbaljen waard hij net waarm. Yn it skoft frege hij om mear weromspylballen en de twadde helte begong mei 4 weromspylballen fan syn broers (broerleafde), ferseach hij him op in ûnskuldich skotsje. “De kop der bij” rôp syn koach, mar dat wie krekt it probleem. Hij kaam tsjinoer in strafskopnimmer te stean en hij seach in look-alike aaisykjen ferbiedende Faunabehearder de oanloop nimmen, tocht oan de aaisikers en stoppe de strafskop. In kertier foar de ein woe hij waarm wurde, ruile sjurtsje mei de lytste man fan it fjild (Harm Auke) en gie yn de spits baltsjes moai (of net moai) dellizzen en skoarde it lêste doelpunt. Oangenaam kennis te meitsjen: Marco Hoekstra.

D2 trots ten onder
Zowel de derde en vierde wedstrijd in de zaalcompetitie zijn jammerlijk verloren gegaan. Tegen streekgenoot Nijland ging het in de laatste minuut alsnog mis, 1 – 2. De eerste wedstrijd tegen HJSCoudega, die met een carnavaleske groen-oranje outfit in de hal stonden, ging ook al in de laatste minuten verloren. 5 – 0. Volgende week spelen we in Sneek. 
Tjerk


SDS League
By it ynbringen fan de teams fan de SDS League komme je altiten allerhande aardichheden tsjin. Teams mei 3 fan Heracles, teams mei 12 man, teams fan 9 ensfh. Ek komme je de aardichste teamnammen tsjin. Dy fan Gearard Posthumus fûnen wy oan ’t no ta de alderaardichste: “Papadoelpuntloos”. Jan de Jonge fûn him wat minder……

Klaverjasse

Oebele Anema lokwinsket Floris Hiemstra mei de earste priis bij it kaarten. “De ienige Hiemstra dy’t in bytsje kaarte kin” wiene syn wurden.


De twadde priis wie foar Annie Stegenga en ek sij sit hjoed mei Abe oan it fleis


Ek op it ein fan Skrok ite se hjoed gjin fûgelfleis. Jelle de Boer wûn de tredde priis.


Gerlof Jan Hofstra fertsjintwurdige de jeugd. Hij wûn de fjirde priis.

Harsens derby (131)
Wa ’t syn billen baarnt,………….