Utslaggen 6-11

Seleksjes 6-11
4 november 2010
Weppers snein 7-11
7 november 2010

Mail de útslach, in koart ferslach, foto’s, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.

SDS DA1 en SDS DA2 en SDS D3 zijn afgelast.
De rest gaat wel door in Easterein.
SDS 4, A1 en D4M zijn ook afgelast
gr Andre

    útslach
9:00 SDS C1 – Nijland C1  3-0
9:00 SDS D1 – Franeker SC D1  0-6
11:15 SDS D3 – Workum D2  g.n.t.
12:30 SDS 2 – BCV 2  1-1
12:30 SDS DA1 – LSC 1890 DA2  g.n.t.
14:30 SDS DA2 – Heeg/IJVC DA1  g.n.t.
15:00 SDS 1 – Kollum 1  0-3
9:00 NOK B1 – SDS B1  5-1
10:15 Makkum E2 – SDS E2  10-0
11:00 Mulier D2 – SDS D4M  g.n.t.
11:20 Joure SC F11 – SDS F4  7-0
12:30 Oudehaske 2 – SDS 3  0-1
12:30 Dronrijp A1 – SDS A1  g.n.t.
12:45 DWP 4 – SDS 5  3-3
14:00 VWC 2 – SDS 4  g.n.t.
14:30 Franeker SC 5 – SDS 6  0-6

SDS 1 – Kollum 1
In flattearde stân, want it wie de dealike kounter fan Kollum dy’t de útslach op it boerd brocht. Yn de earste helte oan beide kanten kânsen. Kollum kaam wol op 0-1. Nei it skoft sette SDS flink druk. De doelman fan Kollum wie yn dy fase krusiaal. Prachtige reddingen op ynsetten fan Arjan en Erik. SDS koe der net troch komme en Kollum kountere noch twa kear nei in doelpunt.

SDS 2- BCV 2
Fierders as de makker fan it doelpunt komme wij net: Anne Stenekes.

Oudehaske 2- SDS 3
Op keunstgers waard in swier befochten oerwinning helle. Sjoerd van Beem strielde nei ôfrin want hij hold de nul. It ienige doelpunt wie fan Dennis Dijkstra dy’t alert reagearre op in weromsleine bal fan de keeper nei in frije traap fan Robert S.

DWP 4 – SDS 5
Mei de wurden”wij mienden dat wij tsjin feteranen moasten” waard SDS 5 begroete op it sportpark fan De Wite Peal.  It wie lykwols sa dat it alvetal dat nei Sint Jansgea ôfreizge wie,  mear in ôfspelgeling wie fan de hiele klup. Grutte wurdearring wie der foar trije B-spilers: Jan Friso B., Wietze F en Christiaan Z.  Sij wiene fannemoarn al betiid yn Aldemardum west, om mei B1 te spyljen en sij woene noch best efkes mei de âlde lullen mei.
En dan wie dêr Thor Ruiter, ek in hiele jonge debutant. Sybren Nauta wie wer fan stâl helle, Robert fan de blessurebank, Bauke Jan Plantinga út SDS 6 en Ronny Wagenaar fan SDS 4.
Tsjin de koprinner wie 3-3 in goed resultaat mar der hie mear ynsitten. 1-0 efter, 1-3 foar en ta eintejsbeslút 3-3. Foaral yn de periode nei de 1-3 wiene der libbensgrutte kânsen. Doelpunten fan Christiaan Zijlstra, Jappie Wijnia en Ronnie Wagenaar.

sc Franeker 5 – SDS 6 
Ek SDS moast op keunstgers en dat wie wenne. Hoewol miskien moast it wol mear wenne foar de Frjentsjerters want sij skoarden twa kear yn eigen doel en SDS makke sels ek noch 4 doelpunten.
Doelpuntenmakker: Christiaan Gaastra, Gertjan Hessels, Ayanle, Barkat en Martin Rienstra.