Weppers snein 6-3

Ut-enferslaggen 5-3
3 maart 2011
Weppers moandei 7-3
6 maart 2011

Utslaggen en standen
De útslaggen moatte no sneons gelyk op ynternet melden wurde bij de KNVB. At elkenien dat docht dam hawwe je sneontejûns de nije standen al yn byld. Sjoch hjir
it resultaat fan juster.

Pupillen fan de wike

Hedzer Brandsma en Lukk van der Schaar wiene de pupillen fan de wike. En beide woene se mei Tsjipke Klaas op de foto.

Aldeknarrentoernooi
Hjoed is it âldeknarrentoernooi yn de sporthal. Alles wat boppe de 35 is en noch bewege kin, docht mei yn ien fan de teams. De priis útrikking is letter op de middei en wurdt tradisjoniel ferjochte troch nimmen minder as LouisDaanvonGaalBoersma.

Ekstra Ledengearkomst
Woansdeitejûn 9 maart om 20.00 is der in ekstra ledengearkomst. Yn de Treffer hawwe jim lêze kind dat it foaral giet om it kleanfûns. Der wurdt praten oer de twa foarstellen.

Kâld
Der stie sneon in frisse wyn op it sportpark. Dat hie ta gefolch dat foar de kantine net in minsk stie. Oeral waard de lijte opsocht. Yn de lijte fan de jeudeboule hage, oan de sydkant fan de kantine en , tsjin it berchhok oan.
Doe’t it skoft wie gyngen wij efkes nei de oare kant fan de kantine wêr’t de sinne folop skynde en de Da2 fuotballen. “Hoe stiet it hjir” fregen wij oan Bauke Dijkstra dy’t suver al brûn wurden wie yn de sinne. “Yn de lijte” wie syn antwurd. Sjoch, dêr kinne je wat mij.

Strafskop tsjin

Buitenpost krige in strafskop tsjin SDS 1 en Jaap Toering koe de bal net keare.