Weppers moandei 7-3

Weppers snein 6-3
5 maart 2011
Weppers tiisdei 8-3
7 maart 2011

Net mear nei Snits
SDS 1 en 2 traine dizze wike wer gewoan yn Easterein. Beide wer gewoan op de fertroude tiisdei- en tongersdeitejûn.

Drok foar it doel

SDS F3 wûn sneon mei 2-0. Mar it wie betiden drok foar it doel. It ferslach:
SDS F3 yn twadde helte nei 2-0 winst. 
Einliks wie der wer ris in wedstriid foar de SDS F3 mannen. Moarns yn de auto nei Easterein ta sei Arjen Schaap it al, hè hè kinne wy eindeliks wer in wedstriid spylje. Hy hie der dus sin oan en dat blykte ek yn de wedstriid. SDS hie it wol wat dreech mei de tsjinstander Nijskoat F2, sawol mei it fuotbaljen as ferbaal. Wat der betiden sein waard op it fjild liigde der net om. SDS liet harren der lokkich net troch fan de wize bringe want yn de twadde helte sloegen sy ta. Yn in oanfal mei witikhoefolle balkontakten koe Giel de bal moai foar de goal krije sadat Arjen de bal allinnich mar hoegde yn te tikjen, 1-0. Net folle letter skopte de keeper de bal foar de fuotten fan Arjen en krige him fuortdaliks en ûnhâldber werom, 2-0. Dernei waard it wat minder by SDS en wie Nijskoat wat better mar de ferdigening en keeper fan SDS joegen neat wei.

SDS 4 – EBC 2
Halverwege stond het 1-1 door een doelpunt van Ronny Wagenaar !
Ons middenveld had het zwaar, al helemaal toen fp Terpstra uitviel met kramp en Ronny met een tik tegen de enkel!
Al snel werd het 1-2 maar toch kwamen we op 2-2 door een doelpunt van Johan Delfsma.
Maar helaas werd het toch nog 2-3.
Nu hopen dat we wekelijks een wedstrijd spelen zodat de conditie ook weer beter wordt!
Nog 13 te gaan !
Johan D.

Ekstra ledengearkomst
It foarstel oer it kleanfûns is kommende woansdei it wichtichste punt fan de algemiene ledengearkomst dy’t holden wurdt op woansdei 9-3-2011. It begjint om 20.00 oere en jim oanwêzichheid wurdt tige op priis steld.

Trainingsbroek oer
Na het uitpakken van mijn tas kwam ik 2 trainingsbroeken tegen 1 van mij en 1 van ?
Nummer 79 staat erop!
Het is dus een SDS-broek.
Van wie is die?
Mail nei Johan (johandelfsma@hotmail.com)
Gr. Johan

Doelpunten
Wij besykje in doelpuntenklassemint bij te hâlden fan de senioren en de froulju. Dêr foar hawwe wij wol de doelpuntenmakkers nedich. Wij soene it tige op priis stelle dat de lieders fan SDS 4 en SDS 5 de doelpuntenmakkers fan sneon troch jouwe. En dat jildt net allinne foar no mar ek foar folgjende kearen.

Kâlde douche
De leste tiid bin der wolris problemen mei de douches. Mocht dit barre meld dit dan sa rap mooglik , dan kin ik der wat oan dwaan. Der wurd hurd socht nei in oplossing  sadat dit net wer bard. Der is niks minder as in kâlde douche !!!
Feike Jorritsma
Skoalleseize

Raar

Yn Easterein sjogge wij út nei it momint dat der in keunstgersfjild leit. Yn Boalsert is dat al oars. Stikje út de Boalserterkrante fan ferline wike.

Harsens derby(419)
Borussia Dortmind stiet fier boppe-oan yn Dútslân. By harren slagget dit seizoen alles: