Weppers snein 5-3

Sneon 4-3-2017
4 maart 2017
Weppers moandei 6-3-2017
6 maart 2017

SDS 1 – sc Emmeloord 1

SDS 1 hat sneon op de neimiddei oefene tsjin sneins twadde klasser sc Emmeloord. De rêst- en einstân wie 0-3. In moai ferslach fan in polderboy kinne jim hjir lêze.

Bekerje

Kommende sneon moat SDS 1 thús tsjin Waterpoort Boys 1. Juster wûnen de Snitsers mei 3-0 thús fan Heerenveense Boys. Tiisdeitejûn meie sy earst noch te bekerjen út tsjin Olde Veste yn de 16e finales.

SDS’ers der op út!


Der binne op it heden wol gauris wat SDS’ers der op út. No seagen wy dizze harlekijnen juster yn Dortmund sitten by Borussia Dortmund – Bayer Leverkussen. Sy seagen in bult goals, want it waard úteinlik 6-2.

SDS-ers der op út (2)

Ek Boudewijn en Almar Kramer, Johan en Inne Heerma en Pieter de Boer binne der op út en sij seagen juster 5 doelpunten fan Barcelona.

Harsens derby (1842)

Noch net in bal rekke en sels noch net in bal sjoen en dan al in giele kaart………