Sneon 4-3-2017

Weppers freed 3-3-2017
3 maart 2017
Weppers snein 5-3
5 maart 2017

Programma

9:00 SDS JO15-2 – ST Rijperker/Suawoude C JO15-1d  1-8
9:00 SDS JO9-3 – IJVC JO9-2  1-7
9:45 SDS MO13-1 – SJO Dronrijp Foarút C MO13-2  3-3
10:15 SDS JO11-1 – Terschelling JO11-1d  1-3
10:45 SDS MO15-1d – S.C. Stiens MO15-1  1-3
11:40 SDS JO13-3 – Oosterlittens JO13-2d  3-3
12:30 SDS JO15-1 – ONS Boso Sneek JO15-2  3-2
8:30 Leovardia JO11-11 – SDS JO11-4  2-2
8:45 Franeker SC JO13-6 – SDS JO13-2d  0-2
8:45 Beetgum JO11-1 – SDS JO11-2
9:00 Leovardia JO15-5 – SDS JO15-3  4-9
9:00 Jacob St. JO11-2G – SDS JO11-3  2-6
9:00 Frisia JO9-10 – SDS JO9-2  3-1
9:00 S.F. Deinum MO15-1 – SDS MO15-2  1-2
10:15 S.C. Stiens JO9-3 – SDS JO9-1  0-6
11:15 Annaparochie St. JO13-2 – SDS JO13-1  1-7
12:15 Walde De 2 – SDS 2  1-3
12:30 AVC JO17-1d – SDS JO17-2d  g.n.t.
13:00 Terschelling JO17-1d – SDS JO17-1  0-4

SDS 1 oefent om 16.45

Neist it boppesteande programma oefent SDS 1 thús om 16.45 oere tsjin Emmeloord 1. Bij Emmeloord sil foar dizze gelegenheid Dooitze  de striker wêze en sil René flachje:  It soarte mei reuny mei trainer Dick Schuurmans. De rêststân wie 0-3, de einstân ek.

SDS 2 wint

SDS 2 hat fan de Wâlde 2 wûn mei 1-3. Doelpunten fan Tjeerd, Gerrit en Dirk

SDS VR 2

Freedtejûn gong SDS VR2 foar it earst los yn in nije kompetysje-opset. Mei trije oare ploegen spylje sij 3 wedstriden op ien jûn en juster wie dat op’e Jouwer mei sc Joure, sc Bolsward en girls fan Blackboys. It wie in suksesfol optreden fan SDS VR 2, want se waarden de deikampioen. Trije kear winst mei 4-3, 5-0 en 2-1.

SDS VR1 oefent en ferliest

De froulju fan SDS VR1 hawwe hjoed oefene tsjin sc Berlikum VR1. Berlikum skoarde 4 kear en Jeska 1 kear

GEWELDIGE TEAM PRESTAASJE FAN SDS JO15-1 : 3 – 2 WINST OP ONS JO15-2

Hjoed dan einliks wer balje nei de winterstop. We hiene de hiele winter lekker troch traint, dus mei de kondyzje moast it wol goed sitte. We hiene wol blessures want Stan en Michael wiene net fit. Tjerk koe hielendal net spylje omdat hy syn han brutsen hie tiidens it skieen, mar hy wie dr wol te sjen. Derom wiene Kevin den Haan en Gerrit Gaastra fan de JO15-2 mei. Fan de utwedstriid wisten we noch wat hun kreft wie en hiene de opstelling derop oanpast. Dochs wie it ONS die de earste helte it beste fan it spul hie en wiene in pear kear hiel gefaarlik. Healwei de earste helte kamen we dan ek op efterstan. Mei dizze stan giene we ek de rest yn, mar noch neat oan de han fansels. De twadde helte begong dramatisch, want fuort en daliks makke ONS de 0 – 2. Ja en dat wurd it dreech fansels, mar SDS begong dernei better te fuotbaljen. It wie wachtsjen op de oanslutingstreffer en die wurde behearst ynsjitten troch Merijn. De mannen krigen yn e gaten dat der mear yn siet en se fochten foar eltse meter. Efterien joechen we neat mear wei en us yzersterke middenfjjld stie as in hus. En foaryn bliuwe we libbensgefaarlik mei us snelle spitsen. En dan komt it ferhaal Gerrit en Kevin. Neist mei hun eigen team, traine se ek altiid mei us mei. Nea seure en harren altiid skikke yn hun rol. Mar at se der steane moatte, dan steane se der !!!!! Earst skroeit Gerrit, nei in foarset fan links , de bal tsjin de touwen, 2 -2. Mar der siet noch mear yn want 5 minuten foar tiid makket Kevin mei in prachtig skot yn de krusing de winnende goal. De grutte untlading wer eltsenien elkoar yn de earmen fleach, wie prachtig om te sjen. In echte teamprestaasje, en mei dizze ynstelling kinne we it eltse tsjinstander hiel moeilijk meitsje. Yn box wie de stemming opperbest fansels. Mar twa sieten der mei in smile fan ear tot ear, Gerrit en Kevin !!!!
Theo.

SF Deinum MO15-1 – SDS MO 15-2

De meiden van MO15-2 mochten vandaag weer beginnen aan de competitie met een uitwedstrijd tegen Deinum MO15-1. Maar het leek wel of ze vanochtend nog een beetje wakker moesten worden want na 2 minuten spelen stonden de meiden al met 1-0 achter….. Gelukkig lieten ze zich niet uit het veld slaan en onder leiding van inval-coach Paul werd er daarna fanatiek aangevallen. Helaas voor SDS was de keepster van Deinum in vorm en hield ze bijna alles tegen. Gelukkig niet alles, want vlak voor rust wist Silke de keepster te passeren en gingen ze met 1-1 de rust in.
Na de rust ging SDS beter spelen en werd er steeds beter gecombineerd. Op een gegeven moment werd Silke onderuit gehaald en moest ze eraf met een kleine blessure. Siegrid schoof daarna door van de achterhoede naar de voorhoede en dat bleek een goede zet. Ze scoorde de winnende goal! Een verdiende overwinning voor SDS maar ook de complimenten voor de meiden van Deinum, die het onze meiden (zeker in de eerste helft) af en toe best lastig maakten.
Aukje Schellens

SDS MO 13-1 – Dronrijp-Foarút MO 13-2

 

“Yn it ferline behelle risseltaten binne gjin garansje foar de takomst” wie hjoed fan tapassing op de froulju fan MO 13-1. Inkelde famkes seinen moarns ut bed al dat it in makje wurde soe omdat Dronryp in pear kear mei grutte sifers fuortspile wie. Mar Dronryp hie sich goed untwikkele yn de winter dat it rûn hiel oars.

SDS startte mei Larissa op keep. Dat sil jo fernuverje dat de spits op keep stiet mar eltsenien moat it in kear dwaan omdat we gjin feste keeper strikke kinne. Minke Hoekstra wie der hjoed ek net by dat de opstelling moast flink oanpast wurde. Foar it skoft hobbele SDS achter de feiten oan wat utkaam op 0-3 efterstan. It wie dat Judith noch ien skoare koe foar it skoft oars wie it noch in toer wurden om in punt te pakken dizze dei. Mei 1-3 nei de box.

Coach Peter moast de ploech tasprekke en op skerp sette. It wurde in tige spannende twadde helte weryn Judith der noch twa kear yn slagge om te skoaren. Minke Postma slagge der wer yn om de bal sawol foar te krijen en ek te underskeppen. Trochdat Rixt, Nynke, Menna, Lisa en Mare de boel op it middenfjild en achter tichthalden en Larissa goed keeperswurk die, slagge Dronryp der net mear yn om te skoaren. Einstan 3-3.
SDS koe dizze wedstryd weromfalle op flink wat supporters en Larissa mar sa blykt mar wer: “Underskat de tsjinstander noait”

Peter en Geert

The Boys winnen dik verdiend van Stiens.

Het is zaterdagochtend 09.15 uur dat we richting Stiens vertrokken om tegen de plaatselijke vereniging Stiens JO9-3 te voetballen. De 1e helft was het de keeper van Stiens die zijn ploeg in de wedstrijd hield! Naar het was Sibrand die hem toch 2x wist te passeren 0-2 was de ruststand. In de rust legde ik uit hoe we meer kansen zouden krijgen en jahoor binnen de minuut 2e helft Evan die een hoge bal door tikte op Wiebren die de 0-3 maakte. En verder deze helft was het steeds meer smullen voor de bijna bus vol supporters die Stiens wisten te vinden vechtlust, strijd , Tikkie takkie ,mooie acties zagen ze met Henk jan 2x en Daniël 1x nog scoren en gingen de boys met 0-6 zege weer uit Stiens vandaan! Super boys. Forzaaaaaa SDS JO9-1
Dennis

Efkes ûneven Balje

Foarhinne wie bier gewoan bier. Neat gjin smaakjes en spesjale bierkes. Oke, der wie “donker” bier mar dat wie foar foar froulju om de boarstfieding op gong te hâlden of soks sa wat.
Kom no yn in supermerke as Jumbo en der is mear ferskaat oan bier as oan griente en fruit bijelkoar.
Bier smakket ek net altyd gelyk want dat hat mei de omstannichheden te meitsjen. Bij waarm waar falt it der yn as in preek yn de âlderling en it skynt nei in oerwinning ek better te smeitsjen. At je de twa winnende doelpunten meitsje is it hielendal hearlik. Dat moast ik justerjûn meardere kearen heare doe’t ik mei Pieter Veenje weromfytste nei Wommels. “It bierke smakket aansens best” sa liet hij mij bij alle hikken witte.
It wie opmerklik fan ploechje 6 ( Wouter, Folkert Rients, Wybren, Sipke, Menno en Pieter Messi) om yn de finale de twa kânsen dy’t se krigen gelyk te benutten. Yn de grutte partij wie it meast neist, oer, latte, peal of der stie ien fan ploechje 5 ( Ferrie, Remco, Frank, Harrie en Aant ) yn it paad.
Oan de oare kant wisten dy wol rie mei de romte en de kânsen. Strak en fluch nei foaren en skoare. De útslach fan de grutte partij wie dan ek net spannende te neamen, it op en delgeande spul wol.
De finale wie de Pieter Messie sjow. Ûnbegryplik dat twa Efkes Ballers dit wykein nei Barcelona binne om Messi te sjen, wylst de Messi fan de greidhoeke gewoan op freedtejûn mei harren stiet te baljen.
Myn bierkes smakken justerjûn wat bitter, mar dat wie dan ek  spesjalen.
Aant