Weppers snein 5-12

Weppers freed 3-12
3 december 2010
Weppers moandei 6-12
5 december 2010

Yn de seal

Winter bûten, simmer yn de seal. F1 en F2 trainden sneontemoarn in moai oerke yn de seal.

Blessure lijen
Bij SDS 5 sjogge se út nei in hiele lange winterstop. Te folle lange blessures. Ek Boudewijn Kramer kin bij it rychje blessearden bijskreaun wurde: Gigantysk troch it ankel gien bij de libbensgefaarlike net-kontaktsport folleybal. Hij rint no op krukken en in operaasje slút hij net út.

Klaverjasse
Wij binne fansels benijd wa’t de echte klaverjas kampioen 2010 wurden is fan SDS. Wêr’t earder net elkenien de mooglikheid hie om mei te dwaan (troch it trainen  op tongersdeitejûn) wie it no sa, dat neat dielname yn de wei stie.  

Nijs
It fuotbal stie de lêste wike op in leech pitsje. Miskien de kommende wike ek wol. Dus is it fuotbalnijs wat minder. Mar nijs is der fansels altiten. Wij binne bijgelyks benijd at de fuotbaljende jeugdleden fan Turns of Reahûs  al wer op harren iisbaan streekjes setten ha en at dat ek fêstlein is op foto.  At jim oer ús (jeugd)leden wat te melden ha dan hearre wij it graach.
Want om no nijs op te nimmen dat Samme Overal graach spitskoal lest is miskien wat te folle fan it goeie.

KNVB en KSFB
Wij witte net hoe’t de Spannske fuotbalbûn yn ôfkoarting te neamen is , feit is wol dat se de selde trekjes hawwe as de KNVB. Undúdlike rigels oer wol of net trochgean.
Barcelona waard dêr hast de dupe fan.

Fuotbal Ynsicht diel 2
Freedtejûn om 19.00 gie jim dan eindelijk it twadde diel fan Fuotbal Ynsicht de loft yn. Hawwe jim it al sjoen? Jim kinne it sjen op Stjoerder.nl.

Harsens derby (347)
Dizze keeper makket krekt hands: