Weppers snein 4-8

Weppers freed 2-8
1 augustus 2013
Harsens derby!!!!!
5 augustus 2013

Training
Kommende tiisdei giet de A-seleksje wer trainen. Harren programma fan augustus is
hjir te sjen.

Jeugdsides
Alle teamsides fan de jeugd binne bywurke, foar safier de ynformaasje by ús bekend is. Jim kinne se
hjir besjen. Jim kinne û.o. de team-, kompetysje- en bekeryndielingen fine by betreffende teams.

Teamyndielingen froulju en famkes
De teamyndielingen fan de froulju en de famkes binne noch net by ús bekend. Wy hoopje se yn de rin fan ‘e wike te krijen.

Lêze foar de Freule
Op de jûn foar de Freule is der altiten in noflik oerke yn de haven fan Wommels. In bekende (of minder bekende) Fries lêst foar of fertelt it ien of oar.
Kommende tiisdei komt de bekende toanielspiler Freark Smink lâns. Dat is net in ûnbekende foar SDS. Hij hat in oantal jierren bij SDS fuotballe en hij wie ien fan de oprjochters fan de Treffer.

Steand yn de midden Freark Smink yn it oranje fan SDS..

SDS-ers op de Freule
Krekt as oare jierren sille ek  no wer meardere jonge SDS -leden aktyf wêze op de Freulepartij kommende woansdei. In flugge blik leart ús dat bij Itens, Easterein en Wommels SDS-leden aktyf binne.
De lotting kinne jim hjir sjen.

Triatlon
Op tongersdei 5 septimber is der in 1/8 triatlon fanút it swimbad yn Wommels. It makimale oantal dielnimmers is berikt en wij sjogge wer flink wat sportive SDS-ers op de list stean dy’t de 500 meter swimme sille, de 20 kilometer fytse en de 5 kilometer drave. Sjoch
hjir.

Bad-hairday(2)
Soe Jelmer Posthumus it nije seizoen begjinne mei in swart-wite hanekam op ‘e kop?


Harsens derby(1078)
Dit sjogge wy Jaap de Blaauw ek noch wolris dwaan: