Weppers freed 2-8

Tarieding SDS 1
1 augustus 2013
Weppers snein 4-8
3 augustus 2013

Efkes Balje giet net troch
De organisaasje fan it Efkes Baljen hat kontakt hân mei waarman Pyt Paulusma oer it wol/net troch gean fan it Efkes Baljen jûn  fanwege it hite waar.
Mei de wittenskip dat der in soad fan de fedetten op fakânsje binne en dêrtroch de opkomst wol wat leech wêze kin, wat wêr ynhâldt dat der mear rûn wurde moat,  it feit dat it starteilân noch altiten yn it Snitsermar leit en Snits kampioen wurden is bij it skûtsjesilen en it toarstich waar is en it feit dat âlderen harren moarn net te folle ynspanne moatte fanwege de smog hat Pyt it Efkes Baljen foar jûn op in 1 setten.
Dy lege skoare kin de organisaasje net om hinne en dêrom is der jûn gjin Efkes Baljen.
Nije wike giet it wer los.

Keatskenner
It is fansels ferfelend at je spultsjes betinke en se ek noch winne. De twa wepmasters setten beide heech yn mei 22 en 24 earsten. It spande der om wa’t mei de priis fan goed 200 euro it PC feest ynkoe. Wylst Jacob Klaas yn syn twadde partij 4 earsten helle en Jelte P yn syn tredde partij mei 5-2 efter stie like de de lanburdige wepmaster de priis te pakken mar it waard úteinlik 5-4 en doe wie it de langhierrige wepmaster. Uteinlik hawwe se de priis dield en beide werom dien yn de pot.
Wol is it sa dat Willem Wijnia de titel keatskenner fan SDS drage mei en bij it stellen fan in partoer kinne Jacob K. en Jelte P altiten efkes bij him oanklopje foar rie.

Bad-hairday
De soan fan Diego Simeone(trainer fan Atletico Madrid) fuotballet by River Plate yn Argentinië en sels wy meie sizze dat hy best wol in eigenaardich strúkje hier op de kop hat:

Al is it noch altiten better as it hawwen fan in burd of in strúk lang hier fansels………

VI-kwis
Mei dit waarme waar kinne je fansels ek gewoan yn de hûs sitten gean en efkes in alderaardichste kwiske dwaan as tarieding op it nije fuotbalseizoen yn de Eredivisie(klik
hjir).

Harsens derby(1077)
Dizze hat hiel wat klean oan foar in striker. It wurd dan ek net écht in knaller…………