Weppers snein 4-10

Ut- en ferslaggen 3-10
1 oktober 2015
Weppers moandei 5-10
4 oktober 2015

Wike fan de skeids
Op 3 – 10 oktober is de wike fan de skeids. Sjoch
hjir foar mear ynformaasje.

Wike fan de skeids!

Skiedsrjochter Friso Albada hie alle kar om him sels te traktearjen op in stikje oranjekoeke


Ek Tjerk van der Pol en Enne Bruinsma hiene harren stikje samar op en sjogge út nei it momint dat er gjin kamera is…..

Gjin Skelte, dan mar………..
Oebele Anema siet der hielendal klear foar. Krekt foar de wedstryd fan SDS 2 tsjin Oeverzwaluwen 2 kaam hy oanrinnen om soan Skelte wer ris yn aksje te sjen. Wat hy allinnich net wist wie dat Skelte freedtejûn te hearen krigen hie dat hy mei SDS 1 mei moast.
De wedstryd fan SDS 2 seach Obele úteinlik net út. Hy waard fanút thús belle dat hy thús de Nederlanse follybalfroulju sjen moast…….

SDS B1 en B2
Hans van der Schaar traint moandietejûn B1 en B2 wer. Hy wurdt assisteard troch Erik Haitsma fan SDS 1. Ferline wike holp Hendrik de Jong. It doel is dat der eltse wike in spiler fan SDS 1 helpe sil om B1 en B2 te trainen.

SDS VR1

De froulju fan scHeerenveen hellen freedtejûn it earste puntsje tsjin koprinner PSV. Dat diene se ûnder tafersjoch fan VR1 en Paul Walstra en Bonne Wiersma dy’t de foto makke.

Superboeren
Boudewijn Kramer sit fansels nei de Graafschap- Feyenoord te sjen en hij  freget him ôf:

Is Frans sponsor fan de superboeren of hat ‘r in nij ferfiermiddel??

Harsens derby (1600)
Hjir it bewiis dat ferdedigers better gjin hakjes dwaan kinne…….