Weppers moandei 5-10

Weppers snein 4-10
3 oktober 2015
Weppers tiisdei 6-10
6 oktober 2015

SDS 2 oefent tiisdei út tsjin Heeg 2
18.45: fertrek
19.45: fuotbalje
Skelte, Hendrik E, Marten, Gerrit, Feite, Pieter K, Stefan, Jurjen, Bote, Allert, Tjeerd, Ralph, Jesse, Pieter W. en Jentsje.

Aginda
Ûnder it kopke “aginda” lofts op dizze webside kinne je de SDS-aginda fine oan ’t en mei jannewaris. As jim wat misse dan heare wy it graach.

SDS-ledengearkomst
De SDS-ledengearkomst is dit jier op woansdei 28 oktober. Allegear frijhâlde dy jûn dus!

Meinte-Sixma-toernoai
Yn de hjerstfakansje is der fansels wer it jierlijkse Meinte-Sixma-toernoai foar D-,E- en F-pupillen. Dit kear is dat op woansdei 21 oktober. Ynkoarten mear hjir oer. Alle D-, E- en F-pupillen hawwe hjir al in mailtsje oer krigen.

Atinsje, attinsje!
Graach efkes omtinke!
De fuotbalskuon graach bûten skjinmeitsje oan de boarstel of skjinslaan tsjinelkoar. 
Graach net yn de (nije) boksen tsjin de muorre.
De muorren wurde net allinnich smoarch, mar wurde ek beskadige!
Alfêst tige by tige!

Doelpunten
It klassemint is wer bijwurke en der is wer in nije koprinster.

Keeperssjurt B2 fuort?
Sunt in pear wiken is SDS B2 it keepersshirt fuort. Grietzen Gaastra wit seker dat hy it yn ien fan de twa tassen dien hat. Twa wiken lyn moasten sy tsjin SWZ Boso Sneek en die hawwe ek shirtjes mei swart en wyt. De famylje de Boer hat se doe wasken en dy binne frege. Juster allinnich in mail werom dat se it keepersshirt net hienen. Robert Schildkamp is belle en dy hat sjoen as it ek yn de tas sit mei reade shirtjes, mar ek der sitte se net yn.
Wit ien miskien wêr it sjurt is?
Hat miskien in team twa sjurts yn de tas?

Mail nei info@vv-sds.nl
 

Stikje út it archyf

Harsens derby (1601)
Kin net misse……………