Weppers moandei 5-1

Weppers snein 4-1-2015
3 januari 2015
SDS League: Torpedo Toering kampioen!
5 januari 2015

OFK (1)
Ôfrûne freed gie it Iepen Frysk Kampioenskip Sealfuotbal (OFK) wer los yn Frjentsjer. De twa teams fan SDS meie woansdei en tongersdei los yn de foarronde. Kommende sneon binne de finales.
Wy sjogge dizze wike efkes werom op eardere edysjes fan it toernoai. Yn 2001 waard de foarrinner fan it OFK, de Midwintercup, noch ferspile yn it FEC yn Ljouwert. Foarút út Menaam wûn it doe by de manlju troch yn de finale ferrassend te winnen fan de sealfuotballers fan Noord. HZVV wûn it by de froulju.
Genietsje fan dizze moaie âlde bylden en jim sjogge fêst wat âlde bekenden. Sjoch hjir.

SDS-Kryst-en-âld-en-nij-puzzel
Yn de Treffer en hjir op de webside koenen jim oan it ein fan it jier meidwaan oan in alderaardichste puzzel. De goeie oplossing wie fansels:
Allegear in sun en noflik jier tawinske.
Der binne in soad goeie oplossingen binnenkaam, mar ôfrûne sneon op de nijjiersresepsje kaam Bartele Bouma út de bus as winner. Hy kin binnenkoart in moaie SDS-sjaal ferwachtsje.

Kwisfraach
Ien fan de fragen ôfrûne sneon soarge foar in soad problemen bij de teams. Se koene der mar leafst 12 punten mei fertsjinje.
It aardige fan dy fraach wie dat dy gewoan oernommen wie út de Treffer fan 1975. Sjoen  it karakter fan de fraach meie wij hast oannimme dat de beide redaksjeleden fan doe de fraach makke ha. Dat wiene Jan Strikwerda en Jan van Asselt.
Dit wie de fraach:
Wij sjogge yn de Treffer fan 1975. Dêr stiet in kwiske yn, wêr’t je in boek mei winne koene.
Wij binne benijd at jim it antwurd no noch betinke kinne:
……… Waar Abe Lenstra eens voor speelde
……… Bakermat voetbal
—— Tweede bij laatste WK
……… De laatste man
……… Achterspeler
……… Waar SDS gevestigd is
……… Team
……… Slecht voor een voetballer
……… Bekende Friese voetbalclub
……… Wedstrijd
……… is de beste verdediging
De eerste letters vormen samen de naam van een bekend persoon.
Let op: dit is dus 1975.
Elk goed antwurd en de goeie namme levert in punt op


Antwurden op de puzzel hjirboppe
Heerenveen
Engeland
Nederland
Keeper
Back
Oosterend
Elftal
Roken
SDS
Match
Aanval

En at je dy earste letters efter elkoar sette dan stiet er Henk Boersma. Wa koe Henk Boersma net yn 1975? Wa kin Henk Boersma yn 2015 net. Dat is de man dy’t op syn fyts meardere kearen per dei efkes nei it sportpark yn Easterein fytst en foaral sneontemoarns bij de jeugd sjocht.

Moaiste foto
At wij de foto’s fan sneon sa trochsjogge dan fine wij dit de
moaiste foto. De rekkenjende skriuwer, de  geleardsjoggende tinkers en de insblauehineinsjogger.

SDS League
Sneon waard op de nijjiersresepsje bekend makke dat Jaap Toering de SDS League wûn hat. Fannemiddei kinne jim hjir op de webside de hiele einstân besjen.

Trainingskampen
Sjoerd Mossou skreau sneon yn it AD in
moaie kollum oer de trainingskampen fan betelle- mar ek amateurklups. Hij is net entoesjast. Wij tochten gelyk oan Zeerobben, dat dit wykein yn Spanje sit “op trainingskamp”. Mar it wurdt fansels al oars at je sneintemiddei dan nei Valencia -Real Madrid gean as ouwe seunen en der bij binne at Real Madrid nei 22 winstpartijen eindelik wer ferliest.

Dirk Yde en Imke
Al wer in berjocht fan de oare side fan de wrâld. Dizze kear giet it feit dat sij krekt efkes earder nijjier fierden as wij. Sjoch
hjir.

Harsens derby (1404)
It wurdt tiid dat Arsene Wenger de jas mar thúslit: