Weppers snein 31-5

Weppers sneon 30-5
29 mei 2009
Weppers moandei 1 juny
31 mei 2009

SDS Da1

Dirk Yde Sjaarda hat dit jier trainer west bij de froulju. Hij wie de earegast op it tige slagge útstapke fan de froulju.


Mar sûnder Dirk Yde kinne je ek moaie foto’s meitsje.

Promoasje
FC Meppel is 1e klasser wurden. Tsjin Olympia is it 4-0 wurden. Yn Zwartsluis op de fjilden fan DESZ mocht Douwe-Dirk Reitsma flagje. Under waarme omstannichheden mei sa’n 1500 minsken oan de kant.

Degradaasje
WPB is juster degradeard. Yn Norg waard mei 4-1 ferlern fan Middelstum.

Play-offs
Yn tsjinstelling tot de Cupfinal kinne wy fannemiddei de finale fan de Play-offs foar promoasje nei de Eredivisie al op in iepen net sjen. Ôm 16.30 begjint op RTL 7 de wedstryd tusken SC Cambuur en Roda JC. Je kinne de wedstryd dus gewoan thús sjen. Of yn de Jimbar wêr ’t mei tank oan de superskotel fan WD-Sat fansels de
wedstryd ek te sjen is.

Popov
Sc Hearrenfean fuotballer Popov moast dizze wike  foar de rjochtbank ferskine. Hij krige in flinke straf mar it hie noch folle slimmer kind at je de lêste sin fan dit stikje lêze.


Schwalbes
Yn Asië sjogge se wat tefolle nei it fuotbaljen yn Europa. Wa telt hjir de measte schwalbes?


Letter mear!