Weppers moandei 1 juny

Weppers snein 31-5
30 mei 2009
Weppers tiisdei 2-6
2 juni 2009

Fytse

Wij winskje alle SDS-ers dy’t op de fyts de 11 stêden lâns gean in soad sukses. Wij hâlde net sa fan fytsen….hoewol.

Kaartsje keapje
Moatte je hjoed fytse en woansdei nei Cambuur dan sit der neat oars op as der flink tsjin oantraapje en der foar soargje dat je om 17.00 oere (leafst wat earder) yn de rige stean gean foar in kaartsje. Sjoch
hjir

45 +
Nei in oantal proeftoernooien hat de KNVB besletten om takem seizoen in 45 + kompetysje op te setten. Ek yn de rgio Noord is dat no mooglik.  De wedstriden wurde spile mei 7 man en op in heal fjild. Sjoch
dit berjocht.

Jeugdbestjoer
Tiisdeitejûn  2 juny is der wer in gearkomst foar jeugdtrainers en jeugdlieders. It ôfrûne seizoen wurdt oereage en der wurdt foarútsjoen. It begjint om 19.30 oere.

Kondysjetraine
Tongersdei 4 juni begjinne we mei de kondysjetraining. (ballen bliuwe thus). Op ’t B fjild, om 19.00 ure.
Dielnimmers binne:
Tsjipke, Gert Jan, Robert, Durk Yde, Anne, Redmer,Jaap, Erik, Hendrik, Dick en degene die ik ferjitten bin.
Elts moat sels syn eigen (drink) wetter efkes meinimme. Foar safier yn besit, hertslagmjitters om.
Dooitze

WK
Kommende woansdei is der wer in WK. Jim hoefge gjin bal mei te nimmen(dy is der al). It ienige wat je meinimme moatte is in goed sin. It begjint om 19.30. Wy hawwe der no al nocht yn.

JimCambuurbar
Woansdei moat Cambuur oantrede tsjin Roda. De alles beslissende wedstryd. Wij krije troch dat Jimbar iepen is mei in leuke 1 euro bier priis tidens de wedstryd.