Weppers sneon 30-5

Weppers freed 29-5
29 mei 2009
Weppers snein 31-5
30 mei 2009

Lêste dei
Hjoed is it foar de sneonsfuotballers de lêste dei (op Harkema nei). Ek yn de twadde klasse J, wêr’t SDS yn sit falt de beslissing at Meppel of Olympia promofeart. De wedstriid wurdt spile op it fjild fan DESZ yn Swartslús.
Ek WPB kin it fege liif noch rêde troch fan Middelstum te winnen. Dêrfoar moat de float wol nei Norg ta.

De lytse bal
Hjoed ferwachtsje wij wer grutse prestaasjes fan ien of meardere SDS-ers dy’t meidogge oan Jong Nederlân. Makket Easterein kâns, of binne it dochs wer dy Wommelsers. Of kin Easterlittens of Winsum foar in ferrassing soargje?
Nei 2 omlopen is it al dúdlik. Net ien fan dizze partoeren is der noch oan.

Skoare mei de kop

Sneon spile D1 de kampioenswedstriid. Ien fan de doelpuntenmakkers wie Mikel Venema. Hij kopte prachtich nei de grûn en ûnhâldber foar de keeper.

Jeugd-WK
Yn Easterein is it fuotbaljen sûnt tongersdei dien. Yn augustus sil dêr foar it earst wer in bal rolje. Yn Wommels giet it de hiele simmer troch. Fansels is der 2x yn de wike it WK foar grutten, mar ek de jeugd makket gretich gebrûk fan it skopfjild. Justerjûn wie der dus in WK en in jeugd-WK(klik hjir).

FA-Cupfinal
Yn ús tiid wie de FA-Cupfinal altiten op it iepen net. Veronica begie middeis al betiid mei de útstjoering en al wie it noch sa waarm bûten, wy gienen net earder nei bûten dan dat de Cup-Final spile wie. Hjoed is it wer Cup-Finalday. Fannemiddei stride The Blues tsjin The Toffees. Oftewol Chelsea tsjin Everton. Spitich genôch is it no allinnich noch mar op Sport 1 te bewonderjen en moatte je dus in abonnemint hawwe. Of miskien nei de kroech?

Het eeltknobbeltje van van Gaal
Wij kinne fansels allegear Andries Jonker. In Frysk klinkende foarnamme mar ús favoryt net. Ek net de favoryt fan Nico Dijkshoorn, sûnt koart fêste kolumnist yn VI. Sjoch
hjir.

In Van Vossen
Altyd leuk at in bepaalde aksje nei je neamd wurdt. Sa kinne wij fansels allegear Panenka. It is fansels minder leuk at it om in minder goeie aksje giet: Wij hawwe it soms ek oer in  Grandelletje. Yn Skotlân hawwe se ek noch oantinken oan in Nederlander. Wij lêze dit oer it Skotse fuotbal.
This is why in Scotland, missing a sitter is known as “doing a Van Vossen”