Weppers snein 30-10-2022

Sneon 29-10-2022
28 oktober 2022
SDS-League: Happy Feet en Teamnamme folget diele de wykpriis!
31 oktober 2022

Pupillen fan de wike

Syan Bults & Sido Greidanus wienen juster de pupillen fan de wike en woenen nei de wedstriid SDS 1 – Heeg 1 beide mei Pieter Sijtsma op de foto.

Clarence-Sluiertrofee


Earder dit seizoen skoorde Sietze Stoffelsma noch út in penalty by SDS 2, dus hy mocht him juster tsjin VVI op ‘e nij nimme. Dit kear miste hy. Hoe as hy de penalty miste witte wy net, mar de kommende wiken is it efkes Sietze Stroffelsma.

Teamfoto (1)

De mannen fan de JO8-3 mochten juster foar it earst los en dêr is de teamfoto ek al. Is it net in plaatsje?

Teamfoto (2)

De JO 13-1 is juster ek op de teamfoto kommen. It sjocht der wer moai út.

SDS WK-League

Wy binne al drok dwaande mei de SDS-WK League. Kommende wike kinne jim it ynfulformulier ferwachtsje hjir op de webside.

Harsens derby (2105)

Sietze hie al betocht hoe ’t hy jûcheie soe nei it meitsjen fan syn penalty…….