Sneon 29-10-2022

Weppers freed 28-10-2022
28 oktober 2022
Weppers snein 30-10-2022
30 oktober 2022

Hawwe jim in ferslach, in (alvetal)foto of oars wat aardichs mail it nei aant@vv-sds.nl of willem@vv-sds.nl! Appe nei Aant mei ek 0655117582.

09:30 SDS JO11-1 – Minnertsga JO11-1JM 13-1
09:30 SDS JO9-1 – Makkum JO9-1
09:30 SDS JO8-2 – LSC 1890 JO8-2
10:30 SDS JO8-1 – ONS Sneek JO8-1
16:30 SDS 3 – Blauw Wit ’34 4 2-4
14:30 SDS 1 – V.V. Heeg 1 1-4
14:30 SDS 5 – Hielpen 2 4-1
08:45 LSC 1890 JO13-2 – ST SDS/Nijland JO13-1
09:00 Mulier JO9-1JM – SDS JO9-2
09:00 Irnsum JO8-1 – SDS JO8-3
09:45 Workum JO10-2 – SDS JO10-2
10:30 Makkum JO15-1 – ST SDS/Nijland JO15-1 4-3
10:30 SC Bolsward JO12-3 – SDS JO12-1
11:15 SC Bolsward JO10-2 – SDS JO10-1 1-13
12:30 VVI 2 – SDS 2 3-3
13:00 Oudehaske JO19-1 – SDS JO19-1 7-0
14:00 Geel Wit JO17-1 – ST SDS/Nijland JO17-1 1-1
14:30 ONS Sneek 5 – SDS 4 1-5

SDS 1 – Heeg 1

Mei in soad goeie wil, in soad ynset hat SDS 1 trije kear wûn en ien kear gelykspile. Boppeoan wie it rissultaat. Dat it spul noch net geweldich is, makket it allegear wol wat ferrassend.
Je witte dat de nederlaach der oan sit te kommen at de blessuremalaise oanhâldt. Dy nederlaach wie der hjoed tsjin Heeg 1. SDS kreeart te min kânsen en Heeg snijde  in oantal kearen maklik troch de SDS bûter hinne. Foar it skoft ien kear en mei in goed betocht  taktysk plan soe it yn de twadde helte noch best wol kinne. Dêr like it ien en in heale minút op. Yn dy twadde minút, wylst talrike supporters harren plakje noch net ynnommen hiene, skoarde Heeg de 0-2.
It wurdt sels 0-3, foardat SDS wat werom dwaan kin. Lourens van der Pol wurdt tsjin de holle skopt en Matthijs Postma fersulvert de strafskop. Efkes hoop bij de SDS supporters mar dat wie wol hiel efkes.
Heeg makket gelyk de 1-4 en it offensyfke fan SDS levert neat op. Heeg 1 kin mei trije fertsjinne punten nei Heech werom en SDS mei hope dat de beskikber seleksje wer wat breder wurdt…..

It fotoferslach fan Henk Bootsma

VVI 2 – SDS 2

SDS 2 pakt op ‘e nij in puntsje en spilet mei 3-3 lyk tsjin VVI 2. Sa ’t wy heard hawwe hienen it ek like goed 3 punten wêze kinnen of júst hielendal neat. Jan Los  mei in wiidweidich ferslach.

Blessureleed zag ik in het stukje van Sds 1 staan, zal allemaal wel zo zijn en daar heeft het tweede elftal ook last van. Nu weer de keeper afstaan dan weer een middenvelder leveren noem maar op. Veteranen worden van stal gehaald maar men moet zich toch eens bedenken dat de mogelijkheden eens opraken om te schuiven met spelers van diverse elftallen. Het tweede had twee wisselspelers en daar moeten we het mee doen en dan ook nog de keeper na afloop snel wegbrengen naar zijn volgende wedstrijd. 

Nu even een kort verslag van de wedstijd tegen Vvi, eerste helft was het voornamelijk  Vvi wat de klok sloeg. Sds probeerde er van alles aan te doen om onder de druk van Vvi uit te komen. Kevin komt vrij voor het doel door goed aan spelen van Bote, Tom op avontuur noem maar op. Verdediging en keeper van Sds hadden de handen vol aan de tegenstander. Uit een hagelijk moment in het strafschopgebied van Sds geeft de scheids een penalty en de voorsprong is een feit voor Vvi. Paar minuten later werd Kevin gevloerd in het strafschopgebied, penalty, Sietse neemt deze maar de keeper hield de bal. Antwoord van Vvi was een fraaie aanval resultaat de twee nul , een edeetje van Sds.

Tweede helft begonnen wij sterk, mede door over te gaan naar het 4 3 3 systeem waar Vvi even geen antwoord op had. De aansluiter werd gemaakt door kevin, mede mogelijk gemaakt door goed aanspelen van Wessel.

Vlot daarna maakte Tim de twee twee door goed doorgaan na een fout van de laatste man van Vvi, alles was weer mogelijk. Vvi aandrukkelijk aan de bal, spelden prikken van Sds, een vrije trap gegeven aan Vvi, schot op doel en we liepen weer achter de feiten aan. In de laatste paar minuten kopt Bouke fraai de bal binnen en we stonden weer gelijk, Eeltsje krijgt twee schot kansen, niet krachtig genoeg om de keeper te passeren. 

 Mooi om te zien dat je na een achterstand toch nog een gelijkspel eruit sleept door niet op te geven en ervoor gaan.

Jan Los

SDS 3 – Blauw-Wit ’34 4

De wedstriid hie fantefoaren hiel wat om hakken. Earst stie der pland om 12.30 oere yn Easterein, doe soe der mooglik om 14.30 oere yn Ljouwert balle wurde en úteinlik waard it om 16.30 oere yn Easterein. Dan moasten der allinnich wol genôch spilers wêze en in skiedsrjochter is ek wol makkelijk. Om 15.23 oere wie it noch net wis hoe of it komme soe, mar dat it goed komme soe wie dúdlik. De foarsitter pakte de fluit en jongens dy ’t by oare teams al minuten makke hienen sprongen by.
Yn in alderaardichst potsje waard it úteinlik 4-2 foar de Ljouwerters. SDS kaam wol 2 kear foar troch goals fan Mark Postma (kopbal) en Jelmer Posthumus(penalty), mar moasten it úteinlik ôflizze tsjin in stel jonge hûnen.

ONS 5 – SDS 4

By SDS 4 hawwe se de wyn der aardich ûnder. Tongersdeis is it noch wolris skreppen mei de seleksje, mar sy slagje der dochs eltse kear wer yn om sneons op it fjild te stean. En hoe? No winne sy mei 5-1 yn Snits fan ONS 5 troch goals fan Aiso, Leon, Gerben (2x) en Jeffrey. En ynderdaad is dat deselde Jeffrey dy ’t der foar noch by SDS 2 keept hat. Wat in topper!

SDS 5 – Hielpen 2

Yn de earste helte rûn it wat stroef by SDS 5 en stie it mei de rêst noch 0-0, mar yn de twadde helte gie it oan mei úteinlik in 4-1 winst. De doelpuntenmakkers binne Robert Sijbesma en Harm Stremler dy’t beide twa kear skoarden