Weppers snein 30-10

Sneon 29-10
28 oktober 2016
Weppers tiisdei 1-11
1 november 2016

Pech

Bote Altenburg hat juster yn de wedstryd fan SDS JO-17-1 tsjin LSC JO17-2d syn skinebonk en kûtbonke brutsen. Hy moat 6 wiken mei syn foet yn it gips. Wy winskje him by dizze in hiele bult betterskip ta.

Periode

Workum is yn de tredde klasse A periodekampioen wurden. Opfallend dêrbij is dat de Warkummers hiel faak fanút in efterstân werom kommen binne. Statistikus Gerard de Boer fan Workum hat besifere dat fan de 720 minuten fuotbal Workum mar 122 minuten op foarsprong stien hat….. Ek juster wie dat wer sa. 2-0 efter en toch noch 2-3 winne.

Gelok by in ûngelok

Juster yn de bus nei Sint Jut wie der fansels ek in bline toto. De wedstryd tusken DWP 1 en SDS 1 eindige yn 3-1, dus dat betsjutte dat fakje 31 it goed hie. Robert Hoekstra wie dan ek tige wiis mei syn priis……

Op it dak….klaas-overal-dak

Klaas Overal, de hiele wike slacht hij  om op it sportfjild. Sneons dan hat hij rêst. Dan sjocht hij belangstelling nei it jeugdfuotbal of giet hij mei de bus nei Sint Jansgea. Mar at er in bal op it dak leit, dan wit hij as earste de ljedder te finen.

Trefferbesoarger socht

Ús Trefferbesoarger Gelf Ykema sil ferhúsje fan Wommels nei Frjentsjer. Dit betsjut day it wat lestich foar him wurdt om noch langer de Treffer yn Wommels te besoargjen. Wa soe syn part fan Wommels oernimme wolle? Graach maile nei info@vv-sds.nl.
En Gelf tige by tige fansels!

Nije sjurts

SDS Vr.1 en SDS 1 hawwe nije ‘frije-tiidssjurts’ krigen. Binne se net kreas wurden?
sds-1-nije-frije-tiidsjurts-2016-2017sds-vr-1-nije-frije-tiidsjurts-2016-2017

 

Habtamu

habtamu-de-hoop-stik-lc-2016Freed in aardich stik yn de Ljouwerter krante oer SDS-er Habtamu de Hoop. Jaseker, in SDS -er dy’t no efkes bij ONS fuotballet. Mar at dat sa bliuwt?

Lokwinske!

De alderbeste fuotballer ea, Diego Maradona, is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!
Sjoch hjir mar ris wêrom hy de beste ea is.

 

Harsens derby (1782)

Lol!