Sneon 29-10

Weppers freed 28-10
28 oktober 2016
Weppers snein 30-10
30 oktober 2016

It programma fan sneon kinne jim hjir sjen.  Ek de útslaggen fan de spile wedstriden kinne jim dêr yn de rin fan de dei en moarn fine. Binne der wedstriidferslagen, dan komme dy ek hjir. Mei oare wurden: alles wat mei de wedstriden op sneon  (en in bytsje op freed) te meitsjen hat, komt op dizze bledside. Leuke en nijsgjirrige saken, wedstriidferslagen en in fotootsje kinne maild wurde nei info@vv-sds.nl en sds-nijs@home.nl.

DWP 1 – SDS 1     3-1

SDS 1 ferlear spitigernoch mei 3-1 fan DWP. It hie samar oars kinnen, want neidat krekt nei de rêst DWP sawol 1-0 as 2-0 makke kaam SDS werom troch in goal fan Tjipke Klaas Okkema. Op dat momint wie SDS efkes sterker en krige SDS ek noch in penalty doe ’t Lourens van der Pol ûnderút helle waard yn it strafskopgebiet. Spitigernoch skeat Jelmer Posthumus de bal fanôf 11 meter keihurd op (De Wite……) peal. Efkes hjirnei waard it 3-1 en wie de wedtryd spile.

SDS 2- Heerenveense Boys 2   5-0

sds-2-hboys-2-2016

Sa’n hege bal kin der sa ynfleane, mar dat wie net sa..

Nei 10 minuten fuotbaljen hiene in oantal deskundigen it oan de kant al sjoen. Dit wurdt winst foar SDS 2. Je hoechden der sels net iens deskundich foar te wêzen om te sjen dat it kwaliteitsferskil hiel grut wie.

Foar de tee foelen der 4 doelpunten en dêrnei 1. De 5 doelpunten waarden makke troch Wietse Fopma (2), Feite de Haan  (2), wêrfan 1 strafskop en Tjeerd  de Vries.

SDS 3 – Sc Scharnegoutum 2       1-3

It winst foar readwyt wie fertsjinne. Doelpunt SDS wie fan Harm Auke Dijkstra en dat sil him goed dien ha: skoare tsjin Scharnegoutum…..

SWZ Boso 2- SDS 4    2-3

SDS 4 moast hjoed nei Snits, om te baljen tsjin SWZ 2, in team mei in gemiddelde leeftiid fan 19 jier. Op papier in drege tsjinstanner, de Snitsers stienen oant hjoed op in gedeeld 3e plakje mei 10 punten en hiene thús in doelsaldo fan +15 (17 foar en 2 tsjin). Mar wy fan SDS hiene nei de oerwinning fan foarige wike alle fertrouen en starten skerp. Dat wie ek nedich, want dy jonge mantsjes wiene ferrekte snel. De earste kâns wie der binnen 5 minuten, helaas skeat Tseard de bal nêst. Nei ûngefear 20 minuten wie it wol raak, Tseard volleyde in hege bal fan Ruun moai oer de keeper yn de lange hoeke. De earste helte bleaun lyk op gean, SDS hie mear kânsen op de 2-0 dan dat SWZ oanspraak makke op de lykmakker, mar se wiene wol steeds gefaarlik mei de korners. Bliid dat we mei 0-1 oan de tee koene.

Nei rêst waard de striid wat heviger, beide teams brochten wat wissels yn, wy Ayanle en SWZ sette har topskoarder deryn op de linksbûten. Gelokkich hie de gelegenheids-rjochtsback (ondergetekende) dizze yn de bûse. It waard wol 1-1, dus wy moasten efkes oansette. Dat levere dan ek de 1-2 op, Eeltje bewarre de rêst en lei ôf op Ruun, dy’t de bal behearst yn de hoeke skode. SDS bleaun fjochtsjen foar de winst, wurken alle korners fuort, hellen noch in bal fan de line dy’t oer Peter hinne kopt waard en gie op syk nei de 3-1. It wie dan ek flink bale dat it 2-2 waard, net allinnich dat, wy fielden ús bestellen, want de skiedsrjochter hie fluitsje moatten foar gefaarlik spul en bûtenspul. Mar ûndanks de lykmakker sieten de Snitsers op elkoar te seuren en wy fielden dat der wat te heljen wie. 2 minuten foar tiid waard it dochs noch 2-3. In hege bal fan Eeltje foel krekt efter de lêste man fan SWZ en Ayanle gie mei gefaar foar eigen libben it duel oan mei de keeper, mei súkses, Ayanle kaam heger en kopte bal oer de keeper hinne. Achterôf hie Ayanle wol spyt, hy ferliet it fjild mei in bloednoas en in blau each.

It wie dus in moaie pot op in prachtige hjerstdei. En de tsjinstanner wie achterôf gewoan hartstikke sportief. Petsje ôf foar de mannen dy’t allegear mei en foar elkoar fjochte ha! Ayanle en Pieter bedankt foar it meispyljen!

Ids de Boer

SDS VR1 – DWP VR 1          1-3

Vr1 juster yn de bus mei de heren. Super leuk initiatief wat neffens my foar iedereen een moaie dei oplevere hat. De bus, it der mei syn allen hinne gean en alles der omhinne makke iedereen dan ek hartstikke enthousiast. Dit enthousiasme wie dudlik merkbaar en sichtbaar en waard der ek net minder fan doe’t wy mei de bespreking de box hast utknalden troch de lûde musyk van DWP. De drokte, it enthousiasme wie dan ek dudlik sichtbaar yn de wedstriid. It begun rommelig, in soad lange ballen wertroch net ien yn de earste helte de rêst der yn krye koe. De 0-1 wie dan ek een mear dan wolkom, it soe miskien wol  soargje foar wat mear rêst. De goal wie een moaie bal fan Geeske yn de drokte foar de goal, hoe en wat der doe barde wie te rommelig om te beskriuwen, mar Tjitske soarge derfoar dat de bal in de goal belande. Nei de rêst wie der wat mear rêst en waard der leuker fuotballe. De keeper van DWP keepte hartstikke goed, dy  hat een drokke wedstriid han. De 0-2 kaam troch een prachtich skot van Jeska op underkant latte werby Tjitske gelokkich wist te scoaren. De 0-3 kaam fanut it midden , Hester joeg een lange bal op Jeska werbij sij deze richting de 16 koe spielje, een perfecte foarset werby Akke Rixt mei in sliding de bal yn it net wist te wurkjen. De tsjingoal wie spitich, mar dêr ha we us gjin seconde drok om makke, de trye punten binne foar us!

SDS JO15-1 – Workum JO15-1

sds-jo15-1

SDS JO15-1 – Workum JO15-1 : 3 – 2
Nei it wat sneue ferlies fan ferline wike, moast it hjoed barre tsjin “angstgegner” Workum. Twa jier ferlien, destiids yn de D’tjes, wiene we al twa kear hielendal fuort tikke troch ditselfde ploegje. Dit ploegje, gruttendiels byelkoar bleaun en derby went oan kuenstgers, hie us no in pear moanne ferlyn ek al ferslein yn de beker (5 – 1).

Derfoar hiene se wol de help fan grins en skiedrjocher nedich, mar dit Workum bliuwt in goeie ploeg. Dus undanks dat se net sa heech stean op ‘e ranglist, koe der fan underskatting beslist gjin sprake weze. We hiene fan te foaren ofpraat se koart te halden en harren net de romte te jaan om te fuotbaljen. En wat foar us ek wol wichtig is, net nei in pear minuten al op efsterstan komme.

Dochs gie dat hast wer mis, mar gelokkich koe Jeffrey dit foarkomme. We komme sels op foarsprong. Ut in strakke korner fan Anco, knikt Tjitse de 1 – 0 binnen. Mar Workum is de better fuotbaljende ploeg. Se kombineare makkelik en mei in protte beweging fiene se hieltiid de frije man. By us is it allinich mar lange ballen nei foaren en hoopje dat de bal in kear goed falt. Hjir krije we ek noch in 100% kans troch, mar us spits wit dizze kans net te fersulverjen. Workum wurd hieltiid gefaarliker en makket healwei de earste helte de fertsjinne lykmakker. Der komme mear kansen foar Workum, mar Jeffrey keept in prima wedstriid en hald in protte ballen tsjin. We komme sels op foarsprong troch in goal fan Stan.

Mar Workum is better en wij bliuwe allinich mar de lange bal spyljen. Dertroch komme us middenfjilders te min oan e bal en der ha we no krekt sa’n protte fuotbaljend fermogen. Workum makket foar rest noch de lykmakker, en dermei meie we us hannen noch tichtknype. De twadde helte soe sa noch hiel dreech wurde, dus it moast oars. Mei Anco no sintraal efteryn, yn pleats fan op de linksback, stie it folle better. Folle mear rest oan e bal en net allinich mar lange halen, mar probeare en doare fuotbaljend de oplossing te fynen. Hjirtroch komme us middenfjilders ek mear yn balbesit en unstie der in oare, folle mear lykwaardiche striid. En sunder dat der skoard wurd, rint it sa nei de ein fan de wedstriid.

Krekt at ik tink, in puntjse hjoed is moai meinaam, komme de leste 3 minuten. De spits fan Workum kriget in hiele grutte kans en sjit de bal hurd oer de grun yn de hoeke. Mar de geweldich keepende Jeffrey wit de bal mei syn fingertoppen noch krekt nest de goal te tikjen. Pfffffff, in punt is dus feilich stelt. Mar it wurd noch moaier. Yn de leste minut wurd in prachtige oanfal fan efterut opsetten. De bal wurd prachtig werom lein op de 16 meter. En der stiet in jongen ut Reahus, ien fan Andringa. En dizze Ruerd Andringa poeiert de bal, “tsjin de trie yn”, snoeihurd yn e krusing. Utfiering: technisch perfekt. No is it de leste minut festhalde, mar dit slagget makkelik want foar Workum wie dit de mokerslach. Sjoen de hiele wedstriid ha we hjoed miskien wol iets te folle krigen. Mar ja, ferline wike krigen we te min. Op syn Duts hearde ik in pear roppen nei de westriid, aber mit 10 Punkte sind wir jetzt aber schon in der Mitte Halterung, obwohl steht es alle nahe beieinander. Koartom in prachtige kompetysje. Nye wike ut tsjin de Sweltsjes ut Ljouwert.
Theo.

SDS MO15-2 – Beetgum MO 15-1

De meiden stonden op scherp. De eerste wedstrijd tegen Beetgum was met dubbele cijfers verloren en dat wilden ze niet weer laten gebeuren. De eerste kansen waren voor de meiden van SDS, maar paal, lat en de keepster van Beetgum zorgden ervoor dat de bal er niet inging. Helaas gebeurde dat aan de andere kant wel… Ondanks goed positiespel en heel veel inzet kon SDS niet voorkomen dat ze met een 4-0 achterstand de rust ingingen. Ook in de tweede helft was het beeld hetzelfde: weer veel kansen, maar het geluk was niet aan de kant van SDS. Beetgum kwam er nog een paar keer goed door en ondanks vele prachtige reddingen van Emma en goed verdedigend werk van Tessa, Siegrid, Femke en Jente Mare ging de bal er nog drie keer in. Eindstand: 0-7.
Groet,
Aukje Schellens
(regelmiep)

THE boys van SDS JO9-1 zetten zege reeks door

sds-jo9-1-2016-2017

Dat het goed gaat met THE Boys dat blijkt ook momenteel bij de webmasters van SDS(zie site) en de massale dikke rijen publiek en het was zelfs zo dat de man van het kassa hokje besloot om de klept dicht te doen om dat het publiek uit noord Holland , Bolsward en omgeving anders te laat kwamen bij aanvang wedstrijd, want het werd weer een monster zege voor THE Boys vandaag!ik had vandaag niet de beschikking over Sven Jitse dus was het puzzelen voor mij. zelf was ik ook niet fit maar reikte toch de tips aan THE Boys net als vorige week toen we 11-0 wonnen! Het ging hard in de eerste helft, de aanvallen waren weer geweldig en met wat een strijd en passie voetbalden ze,7-1 ruststand. In de rust wat extra tips gegeven hou de koppies erbij en geef/gun het publiek nog wat extra’s nou dat werd het. Met 12-3 stuurden ze de tegenstander naar huis!
De goals waren van 3x Johan (onze topinvaller) 3x Sibrand ,2x Wiebren ,2x Evan ,1x Henk Jan ,1x Daniël!
THE Boys gingen onder luid applaus naar de kleedkamer waar ze de high 10 kregen!
Ik wens mijn spelers en het publiek wat aanwezig was een goed weekend!
Groetjes Foppe(Dennis Vinke)