Weppers snein 3-11

Ut- en ferslaggen 2-11
1 november 2013
Weppers moandei 4-11
3 november 2013

Littenseradiel-clash
Tjerk van de Pol hat foar ús alle wedstriden tusken SDS en VV Oosterlittens fan juster efkes op in rygje setten:
SDS                6   3  1  2   10      27 – 32
Oosterlittens    6   2  1  3     7      32 – 27

Pupillen fan de wike

Jelmer Posthumus mei Jens Hiemstra en Rico Kupers

Sybo
F2 fuotballe sneon tsjin Oosterlittens F2. Bij it skoft stie SDS al foar en Sybo Wiersma hie al 4 doelpunten makke. “Ast noch ien makkest krijst nije fuotbalskuon” seit heit Bonne dan. Yn it skoft hearden je Sybo al tsjin syn teaagenoaten sizzen: “Foarsetten op mij want dan ik krij  nije skuon at ik noch ien meitsje”.
Yn de twadde helte makke Sybo al gau syn 5de , 6de en 7de. Heit Bonne sil ta de beurs en hat no wol yn de gaten dat hij goed neitinke moat foardat hij wer sa iets oangiet mei de soan dy’t nei de tiid in ferrekte goed sin hie.

F2

F2 wûn sneon mei 12-4. Hjir krekt foar it skoft doelpunt nû 7 út in korner.

SDS 5

SDS 5 wûn juster al wer. Sij binne kampioenskandidaat nû 1. Sij oefenje alfêst om op de platte karre te sitten. Dêrom mocht it poadium yn de kantine omheech. It skynt goed ferrûn te wêzen. Mei oare wurden se binne no hielendal klear foar it kampioenskip.

Kwoot fan de dei
De kwoot fan de dei wie juster fan Feite de Haan. Yn de wedstryd fan SDS 2 tsjin Knickerbockers gie Anne Stenekes der wat hurd yn en de skiedsrjochter soe him in giele kaart jaan. Hielendal doe ’t Feite him der mei bemoeien gie: “Maar scheidsrechter. Zo slim was het nou ook weer niet………………….”

Moarn mear!