Weppers moandei 4-11

Weppers snein 3-11
2 november 2013
Weppers tiisdei 5-11
4 november 2013

Trainen
Der kin jun net traind wurde.
it bestjoer

Programma
De oplettende besiker fan dizze side hat miskien al sjoen dat op de foarside in nije giele button makke is mei de tekst “programma-utslaggen”.
At jim dêr op klikke dan krije jim it earstfolgjende programma te sjen.
Der steane 4 buttons op.
De meast linker jout it thúsprogramma oan.
De twadde fan links jout it útprogramma oan
De tredde jout de lêst útslaggen oan
Under de fjirde steane wat algemenie meidieling fan de KNVB
Foar de dúdlikheid: de wepmasters fan SDS hawwe gjin ynfloed op wat dêr stiet. De gegevens komme streekrjocht fan Voetbal.nl en dy wurde feroare of oanlevere troch it wedstriidsikretriaat.
At jim op in wedstriid klikke dan sjogge jim noch mear ynformaasje, sa as, hokker fjild en de skiedsrjochter at dat ynfuld is.

Ferslagen
Alle útslagen en inkelde ferslagen fan ôfrûne wykein kinne jim hjir lêze.

Fan herte lokwinske!
Anne Stenekes is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!


MC2

Der wie net ien dy’t it in leuk potsje fûn. SDS MC 2 net, omdat se der net folle oanfine o  op in lyts fjild te baljen, SDS  MC2 net omdat se mei 23-0 winne en Tsjummearum MC1 ek net omdat se 23-0 ferlieze.
Allegear ferliezers dus.

The Knickerbockers
SDS 2 fuotballe ôfrûne sneon yn Grins tsjin The Knickerbockers 5. Der spylje op it heden ek in stik of wat âld-SDS’ers by dizze studentenklup. Sa spilet Freek Tichelman yn TKB 1, Arjen Los yn TKB 4 en Thor Ruiter yn TKB 7.

Flagje
Ien fan de wepmasters koe ôfrûne sneon wol efkes flagje by de wedstryd fan SDS 2 yn Grins, want hy is noch blesseard. Hy “trof” it mei 3 goals fan The Knickerbockers op rântsje bûtenspul. Of litte wy it sa sizze; hie Daan Boersma flagge dan hie SDS 2 mei 3-0 wûn…………

Alderaardichst
Eltsenien hie lêst fan de sinne. Útsein ien dan:


Harsens derby(1148)
Dizze spits ferliest syn skoen, mar set dochs de sokken deryn om efkes te skoren: