Weppers snein 29-1-2017

Sneon 28-1-2017
28 januari 2017
Weppers moandei 30-1
30 januari 2017

Wykein fuort…

Bauke Dijkstra, spiler fan SDS 1, hie dit wykein in famyljewykein yn Putten. Mar hij wie der wol as rjochtsbek bij SDS 1. Heit Tjeerd wie de persoanlike sjoffeur dy’t wol efkes mei him hinne en werom woe. Mei trije punten en in giele kaart (foar protesteare!) gyngen se werom nei de Feluwe.

Oerwinning

De oerwinning fan SDS 1 kaam net samar út de loft fallen. Nee, it wie in oerwinning mei in Poalske ynset, want ôfwezige bij SDS wie Jelmer Posthumus, yn it libben neist it fuotbal is dy korporaal yn it leger en hij naam it wurd sa’t in korporaal dat allinne mar kin. Sjoch hjir

Measte wedstriden

Durk Okkema merkte justermiddei op, doe’t hij hearde dat alle oare wedstriden yn de tredde klasse A ôflast wiene, dat it mooglik noch nea foarkommen is dat SDS de measte wedstriden spile hat op in bepaald momint yn it seizoen….. Sjoch hjir

Voetbalnoord.nl

It wurdt hieltyd moaier en grutter de fuotbal app fan Voetbalnoord.nl. Earste wiene der allinne mar “keale” tuskenstannen” op sneontemiddei mar der komt hieltyd mear bij. Sjoch hjir

Blues

It is wer de lêste snein fan de moanne en dan is it wer blues yn Noflik yn Easterein. Dizze kear de wolbekende Bluesbusters, út Hartwert en Boalsert en omkriten.

Harsens derby (1826)

By PSV kinne se net sa goed penaltys nimme, mar by Hull City hâld it ek net oer………