Sneon 28-1-2017

Weppers freed 27-1-2017
27 januari 2017
Weppers snein 29-1-2017
29 januari 2017

SDS 1 – Oudehaske 1


De earste kompetysjewedstriid nei de winterstop wie in attraksje foar de SDS supporters. Bij it skoft stie it al 3-0. It earste kertier like it dêr net op. mar nei in frije kâns fan Erik Haitsma (hij skeat neist) begong it ynienen te rinne. Remco Hylkema mocht oanlizze foar in frije traap en de bela kletste op de peal, kaam foar de fuotten fan Erik Haitsma en dy skeat rekke.  Dêrnei in lange bal fan Jacob Klaas Haitsma op Hendrik de Jong (hjoed yn de spits) en dy skeat behearst rekke.
It like mei 2-0 al prima mar Feite  de Haan die der noch in skepke boppe-op. In prachtige lob oer de keeper, neidat hij frij kaam efter de ferdigening fan Oudehaske dy net wisten wat harren oerkaam.
Nei de tee in feller Oudehaske mar it wiene de “Heeres brothers”dy’t Hendrik de frij foar de keeper sette en Hendrik wie wer de rêst selve. Nei de 4-0 foel de 4-1 al gau troch wat slordich ferdigenjen. SDS besocht de skoare út te wreidzjen en mei Lourens van der Pol, dy’t fantastsyk ynfoel, wie der de hiele tiid driging. Tsjien minyten foar de ein waard it noch wol 4-2 mar fierders koene de 10 mand fan Oudehaske net komme (der wie ien mei twa kear giel útstjoerd).
In nuttige en fertsjinne oerwinning helle troch in ploech dy’t hurd wurke en it meielkoar die, sa sei oanfierder Hendrik de Jong.

SDS VR1 – Minnertsga VR 1

Oefenwedstriid om 12.00 oere. SDS wûn mei 7-0 (?)

SDS-sealtoernoai

Jûn fan 19.00-20.00 is it SDS-sealtoernoai. Elger, Ewout, Tseard, Jurjen, Gerrit, Doede Douwe, Remon, Rick en Willem binne der sawisa en Jan en Sjoerd miskien. Der kinne noch wol in pear lju by. Meld je dan efkes by Willem Wijnia.

Efkes Balje

It wie de wike fan de jierren 60 op radio5. Dat is op ien of oare wize in moaie wike foar in 60 plusser. Ferhalen , herinneringen en muzyk. De hiele dei haw ik mij heas “songen” mei hits fan herinnering. Mei de kop noch fol fan de muzyknei it Efkes Baljen.
Der wie gjin “Bad moon rising” (CCR) op dizze jûn en fêst ek gjin “Rain and tears” (Aphrodites Child).
It wie wol wer in “Father and son” edysje (Cat Stevens) mei Douwe Dirk en Foeke Dirk oan de iene kant en Remco en Anco oan de oare kant.
Tink no net dat it Efkes Baljen allinne mar iets is foar de âldsjes. Nee, Anco en Luca wiene “the Young ones” (Cliff Richard & the Shadows) en spilen tsjinelkoar en makken der in moaie sportive twastriid fan.
Oer it fjild wiene wij wer loovjend en it fielt suver al as “The green green grass of home“(Tom Jones)
Foar klokslach 20.30 moat it barre dus “Time is Tight” (Booker T & the MG’s)
En dan binne der winners, mar ek ferliezers want “You can’t always get wat you want” (Stones).
En nei de twa winnende doelpunten, wat noch in hiele klus wie hearde ik dúdlik the Rolling Stones noch in kear: “It’s all over now”
Allegear tefreden en foldiene fuotballers want it wie wer ferrûn yn “Good Vibrations” (Beach Boys).
Nei hús, opwaarmje en brûze en dan “The Sound of silence” (simon & Garfunkel) , in bierke mei “Sympaty for the devil” (Stones) en “In Dreams” (Roy Orbison) oer dy prachtige pass, dat skitterjende doelpunt, dy oerwinning yn de grutte partij, it winnende doelpunt, dy bal mei dat “Strange effect“(Dave Berry) , dy kopbal dy’t oer gie, dy kopbal dy keard waard, dy kopbal dy’t siet…en dat publyk “You never walk alone“(Gerry & Pacemakers)
En sneontemoarn noch in stikje skriuwe, want “Don’t ferget to remember” (Bee Gees)
Ploech 6 wint de grutte partij: Remco, Anco, Menno, Aant, Johan Bertus
Ploech 7 wint de finale: Pieter en Pieter, Wouter Luka, Douwe Dirk, Foeke Dirk, Marco
(Aant)