Weppers moandei 30-1

Weppers snein 29-1-2017
29 januari 2017
Weppers tiisdei 31-1-2017
31 januari 2017

SDS-sealtoernoai

Ôfrûne sneon wie it SDS-sealtoernoai foar senioaren. De opkomst wie net al te grut mei 9 man. Dochs wie it der net minder gesellich om en wa ’t it nei in wedstryd fan in oere noch in noflike jûn mei foar elkenien de earste priis; ferskate hapkes fan Titus. Sels de ‘Amsterdammers’ kamen wer ris op tafel.
Der wurdt oer neitocht om it sealtoernoai folgend jier op in oare dei te hâlden. De tredde snein fan jannewaris soe hjirby in opsje wêze. Set it mar fêst yn de aginda.

DJ-Wim

Kommende sneon spilet SDS 1 út tsjin Heeg en wyks der op tsjin Willemsoord. Om de mannen út Willemsoord op in paste manier kennis meitsje te litten mei SDS hawwe wy in DJ regele foar nei de wedstryd. En hoe koe dat no tapaslijker dan mei DJ Wim. Rekkenje der mar op dat it in alderaardichste feestje wurdt. Sneon 11 febrewaris dus allegear nei de wedstryd SDS 1 – Willemsoord 1 en nim de dûnsskuon mar mei!
Foto fan Wim Buurmeester

Seal

Woansdei om 21.00 oere moat SDS wer oantrede yn de eigen sporthal. Om 21.00 oere komme de jonges út Stobbegat lâns.

Nei Amsterdam?

Hendrik de Jong hearde tongersdei dat hy it fan trainer Marco Hoekstra wer ris yn de spits probearje mocht. Mocht Hendrik dan trije kear skore tsjin Oudehaske dan soe Marco tegeare mei Hendrik sneontejûn yn de taksi nei Amsterdam om it dêr te fieren. Hast kaam it safier. Hendrik skoorde twa kear en Lourens gunde him yn it lêst fan de wedstryd ek de tredde goal, mar in spiler fan Oudehaske tocht der oars oer en stuts der noch krekt syn tean tsjinoan foar Hendri syn tredde meitsje koe.

Net nei Amsterdam, mar…….

Hendrik de Jong skoorde dus mar twa kear sneon en dat betsjutte gjin tripke nei Amsterdam en de wedstrydbal oanbean troch Brouwers Schilders en Tanja túnoannimer gie oan syn noas foarby. Wol mocht hy te wokken mei de froulju fan SDS Vr.1 en stoppe ien €75,- yn de pot fan SDS 1. Dat koe minder!
Foto fan Hester Kingma

Oefenje

SDS 2 sil sneon thús om 14.30 oere oefenje tsjin sc Bolsward 2.

SDS-League

De transfermerke slút hast wer, dus dat betsjut dat wy wer los kinne mei de nije SDS-League. De nije teams moatte ynlevere wurde foar sneon 11 febrewaris om 19.00 oere.

‘Nije trainers’

By Waterpoort Boys hawwe sy ôfskie nommen fan trainer Daniël Schmidt (sjoch ek hjir). De âlde WPB-rotten Richard de Jong en Tinus Vermaning nimme it stokje oer. Op sneon 11 maart spilet SDS 1 thús de derby tsjin WPB 1.  Ek nei dizze wedstryd sil der in stikje muzyk wêze. Wa ’t komt is noch in ferrassing!

Maarten de Jong

Âld-SDS-trainer Maarten de Jong wurdt nei dit seizoen trainer by sneins-2e-Klasser vv Lemmer. Hy sit no noch by sneins-5e-Klasser Wispolia.

Harsens derby (1827)

It sil je mar barre!