Weppers snein 28-9

Utslaggen sneon 27-9
26 september 2008
Weppers moandei 29-9
28 september 2008

SDS1 – Nijland 1

Henk Bootsma hat juster wer meardere foto’s makke.


Nijlân makket gelyk

SDS League
Foar degenen dy ’t per ûngelok de SDS League ûnder yn de fuotbaltas lizze litten hawwe is der noch ien kans. Hjoed sa gau mooglik ynleverje en Amoah en El Hamdaoui
meie der net yn stean……….

Jierdei
Hjoed is Tjeerd Dijkstra jierdei. Hij wurdt al wer 45 jier. Fan herte lokwinske


Flagjesdei
Foar Hille Meijer wie it sneon flagjesdei. Hij flagge earst bij de famkes en doe bij de froulju.

Rinne
Harm Auke hie nei de miste strafskop bij SDS 5 fan ferline wike oanjûn dat it nimmen fan in strafskop bij him yn goeie hannen is. “At ik mis, rin ik nei hûs” sa liet hij syn teamgenoaten witte. Lieder Eddy de Boer naam sneon yn Menaam syn autokaaien foar de wedstryd yn, want je witte it mar nea.
Yn de wedstryd tsjin Foarút like Harm Auke troch te brekken en hij waard ûnder út helle. In strafskop!.
Foardat de earste, de twadde of de tredde strafskopnimmer efter de bal stean gean koene, hat Harm Auke de bal al te pakken.
En ondanks dizze geweldige “Adriaans eftige druk”  skoort Hampie feilleas. Super Harm.

Hurd
Niels Hazewindus (E4) skeat sneon sa hurd op it doel dat it net it bejoech. In grut gat wie it resultaat fan dit doelpunt.

Op it doel

In moaie aksjefoto fan Geertsje Spoelman. Henk Bootsma seach har keepen bij de froulju.

Fytsen

It wie moai waar sneon. En dan is fytsen in lust. En fytsen nei it fuotbal is hielendal moai. Henk Bootsma makke de foto.

Kwyt
Hoi webmasters,
Ik ha sneontomoarn 27/9 fuotballe yn Easterein. Nei de wedstrijd koe ik myn trainingsjaske net mear fine.
It is in SDS jaske en myn namme stiet op it labeltsje oan de side. It is maat 176. Ik wol him hiel graach wer werom ha. Miskien hat ien him per ongelok mei nommen?
Soene jimme dit op é side freegje wolle. As ien him fûn hat, kin die skilje mei Hylke Flapper tel. 0515-569374
Alfêst bedankt.
Hylke Flapper Hidaard

SDS 1 – Nijland-pool
Der wienen 3 dy ’t de einstân fan SDS 1 – Nijland 1 goed foarsein hienen. Dat wienen Immie en Pieter Kamstra en Hans Kooistra. Sy hienen de rêststân allinnich net goed. Dit betekent dat de “pot” stean bliuwt oan ’t kommend wykein. Sneon moat SDS 1 út nei Waterpoort Boys 1.

Van der Vaart
Rafael van der Vaart is op it momint de man by Real Madrid. Wat wolle je ek as je sokke goals meitsje: