Weppers snein 27-2

Weppers sneon 26-2
25 februari 2011
Weppers moandei 28-2
28 februari 2011

It goeie foarbyld

Bij de senioren wurde der wol gau ris strafskoppen mist. Frank Bervoets joech yn de wedstriid fan juster oan hoe’t it wol moat. Hij brocht D1 werom yn de wedstriid, troch de 3-4 oan te tekenjen.

SDS 1
Kommende tiisdei stiet de ynhelwedstriid it Fean 1 – SDS 1 op it programma. It begjint om 20.00 oere.

Útslach kaarten
Hjir de útslach fan it kaarten fan juster: 
1ste Ype Tiemersma mei 5544 pnt
2de Oebele Anema mei 5417 pnt


Leard
Hendrik Engbrenghof foel juster nei sa ’n 35 minuten by Bolswardia 2 – SDS 3 út neidat ien fan syn skuon it bejûch. Syn heale soal lei der ôf nei in Bolswardiaan útkapt te hawwen. Dit moast fansels wol misgean. De skoen ferwachte dizze beweging net(wa wol?) en in Bolswardiaan dy ’t útCABt wurdt is ek freegje om problemen………..

“Kegeljen”
Twadde Krystdei wûnen inkelde SDS’ers op it krystsealtoernoai yn Frjentsjer de twadde priis. Dit levere harren in dinerbon op fan €225,- foar De Stadsherberg of Blomketerp yn Frjentsjer. Fannemiddei sille Jaap, Tsjipke, Erik, Jacob-Klaas, Skelte, Feite en Willem sjen hoefolle as sy hjir foar ite kinne. Y.f.m. it fetpersentaasje wurdt der op advys fan de medyske stêf earst efkes oan lichemsbeweging dien troch middel fan efkes te “kegeljen”.

Supersnein
Hjoed is it wer supersnein mei allegear toppers yn de Eredivisie:
– PSV-Ajax
– AZ-Twente
– Feyenoord-Grins
Ien fan dizze wedstriden is om 14.30 te sjen yn de Jimbar.

Harsens derby(413)
De “seehûn” Messi makke juster wer in knappe goal: