Weppers snein 27-11

Utslaggen sneon 26-11
26 november 2011
Weppers moandei 28-11
27 november 2011

Kampioen
In moai sukses foar Wiltsje, Ruerd, Sjors, Jorrit, Gerben, Arjen, Ytsen, Jeffrey en Eljer. Dizze mantsjes komme út Reahûs, Turns en Wommels en hawwe in prachtige searje del setten dizze hjerst. Fan herte lokwinske jonges,

Ferlerne sneon
It like juster noch net sa gek. Al wer droech en moai fuotbalwaar. Spitich yn Easterein is net sa folle mei alle respekt foar Da2. Hij moat op syk nei wat oars. Nijlân moat bekerje mar Loppersum is te fier, ONS moat bekerje, mar dy klup sprekt him net oan, WPB hat gjin programma en ek Mulier en Bolswardia hoege net thús. Oefenwedstriden binne net syn ding, mar miskien moat hij dan dochs mar nei Blauw Wit 1 – SDS 1. Dochs wol benijd hoe’t se it der ôfbringe sille nei de “sepert” tsjin Berlikum.
Sjen wat se der foar dwaan wolle om it goeie gefoel te krijen.
Op nei Ljouwert. Allegear drokte bij it sportpark Wiarda. 
Hij sjocht net folle bekenden. …..Hij sjocht gjin inkele bekende….hij sjocht net in SDS-er.
“Blauw Wit – SDS ? ,,nee, dat gaat niet deur. SDS het maar 6 speulers.”
“O”, tinkt hij allinne mar. “Ik begryp dat se soks net op de side fan SDS sette litte. Dat klinkt sa belachlik, dan kinne je de supporters mar better yn de waan litte dat it troch giet”.
In ftl (fiktive teloarstelde supporter)

Rin skuon
Sneontemoarn koe der efkes balle wurde yn de sporthal troch SDS 3 en SDS 2 omdat se dochs frij wiene.
De belangstelling wie matich mei 6 man en omdat se de rinskuon dochs bij harren hiene betochten Anne en Hendrik sich net lang. Sij gyngen werom nei Wommels, skreaunen harren yn foar de Slachterin en draafden de 10 kilometer binnen in moai tiid.

Mear dravers
SDS 4 hat genôch spilers op de list stean en sa koene Gert Jan Hessels en Martijn Rispens mei in gerêst hert de fuotbalskuon ek stean litte en de draafskuon oan dwaan. Ek sij draafden mei. At SDS 4 dêrtroch ferlear wurdt noch útsocht.

Rekreaasjefuotbal
In nij begrip bij SDS mar it giet oan. Kommende freedtejûn 2 desimber wurdt besocht in begjin te meitsje mei “efkes lekker balje” spesjaal foar minsken dy’t sneons net balje mar wol graach efkes tsjin in baltsje traapje wolle.
Der wurdt op it trainingsfjild in fjild útlein foar 7 tsjin 7 en wij hoopje om 19.30 te begjinnen.
Der binne al meardere leafhawwers dy’t harren “opjûn ” hawwe mar der kinne noch wol wat bij.
Dus mail efkes nei
sds-nijs@home.nl en kom.

Sealtrainen dizze wike

Maandag    17:00-18:00  F7 Lourens van der Pol
Dinsdag     16:50-17:50 C2 Barry Veenhof
Donderdag 17:00-18:00 C3M Paul Walstra

Eastersnein
It is hjoed wer Eastersnein. De bluesleafhawwers witte wat soks betsjut: Bluescruise

Bedriuwenfolleybal
Freedtejûn wie der in bedriuwenfolleybaljûn yn de Greidhoeke. It bedriuw SDS die ek mei en wij binne benijd wa’t sa “goed” folleybalje kin bij SDS. Klaas Pompstra seit dit oer it toernooi:
Hjirby de útslaggen fan it Twadde Littenseradiel Kultureeel Bedriuwen Follybaltoernoai fan 25-11-2011.

By de priisútrikking wie it tige stil, want elk team siet lekker te smullen fan de bitterballen, oanbean trcoh Sportkafe Titus yn Easterein.
It toernoai waard mei mooglik makke troch de Gemeente Littenseradiel, Rabobank en Grafische Groep van der Eems.
De trije wikselprizen fan it eardere Kulturele Rie Follybaltoernoai wienen wer boppe wetter en koenen hjoed útrikt wurde oan de winners.

Yn de haadklasse wint Sportkafe Titus alle wedstriden en is winner fan de dinérbonnen fan it Kafé Restaurant It Reade Hynder yn Wommels en it moaie setifikaat fan de 1e priiswinner.
Twadde yn de poule nei in spannende wedstriid tsjin de winner, waard Handelsonderneming Altac en krige in sertifikaat fan de 2e priis.

Yn de middenklasse wie de winner it team fan de Baltsjedriuwers (Keatsferiening Reahûs-Turns) en meie út iten nei Kafé Restaurant Noflik Bergsma yn Easterein.
De promovendus fan de rekreaasjeklasse, Rekreaasjeteam Easterein waarden knap twadde en wienen tige wiis mei de ear en in sertifikaat fan de 2e priis!

De rekreaasjeklasse hie in sterk team yn de foarm fan de Baltsjetikkers (Gemeente Littenseradiel).
Mei oermacht waard it wûn en de dinérbonnen fan Herbergh Het Wapen van Friesland yn Easterlittens wienen foar har.
It Rekreaasjeteam Reahûs-Turns wie twadde yn dizze klasse en mocht ek in sertifikaat yn ûntfangstnimme.

Der wienen trije ploegen mei nul punten. Rabobank, v.v. SDS en de Greidhoekeklappers.
Troch de kommisje waard de ‘poedelpriis’, DA-Fizel-pakketten, takint oan v.v. SDS.

In tige slagge twadde edysje fan it Littenseradiel Kultureeel Bedriuwen Follybaltoernoai.