Weppers moandei 28-11

Weppers snein 27-11
26 november 2011
Weppers tiisdei 29-11
28 november 2011

SDS E5 kampioen mei bloed, swit en triennen.

Ôfrûne sneon wie it dan einliks safier de wedstriid yn en tsjin Akkrum. Hjir seachen de mannen fan E5 al in pear wiken nei út omdat lykas SDS E5 ek Akkrum alle wedstriden wûn. It wie dus in echte krachtmjitting tsjin Akkrum.  Der wienen spilers by dy’t de rangskikking goed yn’e kop hienen en seinen ‘oan in lykspul hawwe wy genôch want wy hawwe mear goals makke’! Dat kloppe ek wol mar wy gienen foar de winst en dat slagge úteinliks ek mei 1-0.
It waaide dat it rikke dêr yn Akkrum en de wyn snijde troch alles hinne. SDS hie de earste helte foar de wyn en ek in oerwicht mar beide ploegen wienen goed oan elkoar weage. Akkrum hie in pear bêste fuotballers en it wie muolik der troch hinne te kommen. Der wie wat tefolle balferlies en net folle kansen foar SDS mar Sjors makke gelokkich wol in doelpunt út in skrimmage foar de goal.
Yn de rêst de mannen goed dúdlik makke dat se de kop der goed byhâlde moasten. Yn de twadde helte kaam Akkrum mei de wyn yn de rêch opsetten en stoarme omraak op de goal fan SDS. Sy wienen in pear kear tichtby de lykmakker, sa wie der in kopbal op de latte en in pear bêste poeiers dy’t Jeffrey bêst keepte. Tichterby kamen sy lykwols net. SDS joech gjin krimp en de mannen fochten as liuwen. Foaral Wiltsje wie foar SDS bêst op dreef en spile as in echte ‘ausputzer’.
Neidat der ferskate triennen weifage wienen en bloedneuzen stelpt kaam it ferlossende lêste fluitsignaal en gienen de hannen de loft yn.  Alle wedstriden wûn, SDS E5 KAMPIONE!!!

D2 en D3
D2 jûn traint fan 18:00 oant 19:00 foar de klaaiboxen.
Foar tongersdei giet de training fan de D3 net troch.
Groetnis,
Hans

SDS 1
Moandei (hjoed) gjin trainen.
Tiisdei oefenje út tsjin IJVC om 20.00 oere.
We geane om 19.00 oere fuort.
Seleksje: Jaap, Elger, Harm, Ewout, Jakob-Klaas, Arjan, Tsjipke, Johan, Dirk,Erik, Dirk Yde, Skelte, Wytze, Kristiaan en Feiko.
Tongersdei trainen om 20.15 oere.
Groetnis,
Marco

YVC oefent

Troch de twitter wisten wy boppesteande fansels al lang, want mei twitter bliuwt neat geheim. Sels foar ús net.

Sneu
Da2 hat sneon mei 1-6 ferlern, Joutzen wie de doelpuntemakster.
Slimmer dan it ferlies van de wedstriid is it ferlies fan in spylster. Amarins Hendriks is nei it sikehus rekke mei skuorde inkelbannen en in skeef inkelgewricht wat miskien nog opereare wurde moat !!
Foarlopig sit se yn it gips !!
Miskien is it wol aardich om har woansdei efkes in berichtsje te stjoeren omdat se dan har jierdei “fiert” !
Amaris hopelik bist net te lang ôfwezich !
DA2 ,lieder en flagger

Jierdei
Ja, ja ek op snein wiene der twa SDS-ers jierdei.
Pieter van der Pol (C1) en Jos Wijnja (D1) binne beide 13 jier wurden. Fan herte lokwinske fansels.
Hjoed is der net ien binne SDS jierdei.

Seal frij
Komende zaterdag 3 december is de zaal op 03-12-2011 te huur van 09:00 tot en met 12:00.
Hier stond eerst een clinic gepland voor de F1 t/m de F4.
Echter, omdat al deze teams moeten spelen op het veld is deze afgelast.
Mochten er mensen zijn die gebruik van de zaal willen maken, dan kunnen zij zich bij mij melden.
Bote Strikwerda


Twitterje
Ek in protte SDS leden twitterje tsjintwurdich en fansels dogge se dat sa folle mooglik yn it Frysk. It is no mooglik om in moaie fryske button op de eigen twitter side te setten.
Sykje mar út. 

Harsens derby (621)
Johan Delfsma lit ús witte dat hy wol 2 kear neitinke soe foar ’t hy skore soe wannear ’t hy by dizze Iraniër yn de ploech spile.