Weppers snein 26-8

Weppers sneon 25-8
24 augustus 2012
Weppers moandei 27-8
26 augustus 2012

Skoalleseize 25 jier
Fannemoarn wurdt it feest fan de Skoalleseize ôfsletten mei in Iepenlofttsjinst om 10.00 oere mei Wilhelmina en de Greideklanken

Programma dizze wike
Dizze wike giet it fuotbalseizoen foar meardere alvetallen los. It binne foaral beker wedstriden. Sjoch
hjir it oersicht.

SDS 1 – Arum 1
Tiisdeitejûn om 18.45 oere spilet SDS 1 de lêste bekerwedstriid tsjin Arum 1. De wedstriid giet om de ear en it twadde plakje yn de poule want Zeerobben hat juster 2-2 spile tsjin Oudehaske en is dêrmei net mear yn te heljen.

Seleksje SDS 1
Ayanle, Jaap, Arjan, Dirk Yde, Feiko, Erik, Harm, Kristiaan, Wietse, Tjeerd, Ewout, Jelmer, Johan, Dirk, Wytze, Redmar.
Grinsrjochter: Klaas Pompstra
18.00: der wêze
18.45: spylje

Teamfoto SDS1
Fan alle teams wolle we dit jier in kaart mei in teamfoto meitsje.
Bauke de Boer en Douwe Durk Reitsma binne de fotograven.
Tiisdei 28 augustus is SDS1 as earste oan de beurt om 17.45 oere dus elkenien op tiid der wêze en om 17.45 de klean oanha.  Dêrnei fuotbalje tsjin Arum.
Enne Jehannes

WK Keatsen 2012
Hjoed begjint it WK keatsen yn Fryslân!.
Der wurde de kommende wike ek wedstriden yn Easterein spile. Dy binne op freed 31 augustus fan 12.00-17.00. It MFT sil moai oanklaaid wurde en der is in kreamke mei kofje, tee en iterij.
Yn de seleksje fan it Llargues team sit û.o. SDS-er Bauke Dijkstra en yn it team Ynternasjonaal Spul Feiko Broersma. Fia de keatsside fan KF Easterein kinne jim mear ynformaasje fine.

Efkes Balje
Freed giet it Efkes Baljen wer fan start. Leafhawwers dy’t belutsen binne bij SDS en net yn de kompetysje sitte en dochs graach efkes tsjin in bal oan skoppe wolle binne fan herte wolkom. Je hoege net perfoarst lid te wêzen.

Froulju 1
Deze week starten we met de trainingen voor Dames/Vrouwen 1.
Er wordt getraind op: maandags om 20:00 uur door Eeltje Postma en Bram van Beem en woensdags om 20:00 uur door Bote Strikwerda

Ervan uitgaande dat de selectie bekend is wordt een ieder verwacht.
Mocht je niet kunnen dan graag even een afbericht bij ondergetekenden.

Met sportieve groet,

Eeltje Postma 06-10927368
Bram van Beem
Bote Strikwerda 06-14982820

Tip foar hjoed
Sneek Wit Zwart spilet dit jier ferrassend yn de Topklasse. Hjoed trede se oan tsjin Lienden. Beide ploegen hawwe ferline wike wûn. Let op, de wedstriid begjint om 14.00 oere. 

Miskien letter hjoed noch wol wat