Weppers snein 26-4

Ut- en ferslaggen 25-4
23 april 2015
SDS-keunstgerslottenaksje!
26 april 2015

Tige by tige!
It bleaun justerjûn noch lang ûnrêstich yn de kantine nei de wedstryd tusken SDS 1 en WPB 1. De Snitsers gienen der úteinlik net allinnich mei de 3 punten nei hûs, mar ek mei de measte rollades. Ek de muzykynstallaasje wie foar de Snitsers. Sa hie DJ ET noflik frij en koe de Eastereiner WPB’er Marco Rypkema moai de muzyk regelje. Al mei al in tige slagge jûn mei tank oan de barfroulju Wilma, Karin, Vera en Romine. Tige by tige foar al it wurk wat jim fersetten hawwe!

Draaiend Rad
It Draaiend Rad wie juster in grut súkses. En dan foaral foar de Snitsers fan Waterpoort Boys. Sy gienen der mei mar leafst 3 rollades fan troch! 

Keunstgerslotten
Juster hawwe wer 20 lju harren jild fan de keunstgersaksje ynlevere! Ús komplimenten dêr foar! Wier super! Letter hjoed mear hjir oer!
Ek hjoed kinne jim it fansels ynleverje by:
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein

SDS-jûn op 30 maaie mei grutte feiling
Op sneon 30 maaie is de grutte SDS-jûn mei muzyk, in barbecue, de útslach fan de SDS-keunstgerslotterij en in grutte SDS-feiling. De earste tsjinsten en moaie spullen binne al oanlevere. Sommige dingen sille feild wurde fia de webside en spesjale dingen op 30 maaie. Letter dizze wike mear hjir oer.

Pupillen fan de wike

En wer wie it Jaap Toering dy’t mei de pupillen op de foto mocht. Dizze kear wiene it Stef Jellema en Jan Bonnema.

Foto’s SDS 1 – WPB 1
Henk Bootsma hat juster wer ferskeidene foto’s makke by SDS 1 – WPB 1. Jim kinne se hjir sjen. Letter hjoed komme der mear foto’s by.

Mear each foar de bal as foar de kamera
Foto: Henk Bootsma

Ferfolch kompetysje
Hoe’t it allegear komt yn de neikompetysje fan de standert alvetallen kinne jim
hjir sjen.

Strafskop!

SDS A1 krige yn de wedstriid tsjin MKV A1 in strafskop. Op dat momint koe it de gelykmakker wurde want de tuskenstân wie 0-1. Wiebe Heeres makke gjin flater en stjoerde de doelman de ferkearde kant út.

Strafskop!

Ek bij MD1 mocht in strafskop nommen wurde yn de wedstriid tsjin Blauw Wit MD2. Nei in moai taferieltsje, wêr’t te sjen wie hoe’t de famkes oerleinen wa’t de strafskop nimme soe, wie it Fenna de Boer dy’t skoarde.

Ferbou begong


De steigers stiene juster moarn al klear om in begjin te meitsjen mei de renovaasje fan de boksen. Middeis setten de earste frijwilligers útein mei it brekwurk want wêr’t ferboud wurdt moat earst ôfbrutsen wurde.

BluesCruise
Hjoed is de legendaryske Drintse Bluessjonger BJ Hegen wer yn Easterein op de Blues Cruise. En fansels de Blues Busters mei de al like bekende Auke Bloemhof. Sjoch
hjir

Harsens derby (1488)
“Torwarter Coltori mit ein geweldigen Tor in die allerletzte minute für RB Leipzig! Scheisse für Darmstadt……….”