SDS-keunstgerslottenaksje!

Weppers snein 26-4
25 april 2015
Weppers tiisdei 28-4
27 april 2015

De SDS-keunstgerslotten

Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer:
NL83RABO0301290067 t.n.f. SDS-keunstgers
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein


Grutsk!
Wy as keunstgerskommisje hawwe der noch altiten alle fertrouen yn dat it de SDS-leden slagje sil om alle lotten foar de keunstgersaksje te ferkeapjen. Ek wy binne ús noch altiten bewust fan de hege priis fan de lotten, mar wolle nochris eltsenien der bewust fan meitsje dat it wier nedich is om ús nije kompleks te bekostigjen. Der moat €60.000,- komme en dat is in bult jild.
Wy binne grutsk op alle leden dy ’t der oan ’t no ta al yn slagge binne om de lotten oan de man te bringen!! Sjapoo!

SDS-keunstgerslotten foar it keunstgers en de rest!
Wy sprekke hjir altiten fan SDS-keunstgerslotten, mar it giet fansels net allinnich om it keunstgers. Wy moatte €60.000,- byelkoar helje en as dat slagget dan hawwe wy yn de simmer net allinnich in prachtich keunstgersfjild, mar ek prachtige boksen en in moai B-fjild (c.q. keatsfjild). Dêrneist sille it trainingsfjild foar de boksen en efter de sporthal aardich opknappe as der wat minder gebrûk fan makke wurdt. Dêrby opteld dat de sporthal in nije flier krijt en it MFT der kreas by leit, dan kin it hiel goed wêze dat wy yn Easterein yn 2016 it moaiste sportkompleks hawwe fan hiel Súdwest-Fryslân!!

Super F2!
Fansels kinne je de jonge leden net by de doaren lans gean litte mei lotten fan €10,-. Dat wol allinnich net sizze dat je de lotten net op in oare manier ferkeapje kinne. De heiten en memmen fan de jongens fan F2 hawwe it super oppakt en wurde heechstwierskynlik it earste team dat alle lotten ferkocht hat. Ynmiddels hawwe wy fan 6 bern it jild al krigen! Supersjapoo!

Ferkocht!
Hendrik de Jong hie oan ’t sneon noch gjin muoite dien om syn lotten te ferkeapjen. Hy woe graach it júste momint ôfwachtsje. Dat momint wie juster. Hy naam syn lottenboekje mei nei de kantine en ferkocht 7 lotten oan de Waterpoort Boys. Der wie mear belangstelling, mar dy oare trije wol Hendrik sels graach hâlde.

Winne, winne, winne!!!
Sjoerd van Beem rekke syn lotten makkelijk kwyt op syn wurk. Hy frege syn kollegamasters en -juffen as sy ek €3000,-, €1500,- of €500,- winne woenen! Sy stimden allegear yn. €10,- foar in lot wie gjin jild.
Fan SDS hienen sy noch nea heard, mar dat makke neat út.

Fan herte lokwinske!
Bauke Dijkstra hat noch net in lot ferkocht, mar is der al wol 5 kwyt………….. “Ik jou se myn freonen op de jierdei. Wa wol der no net kans meitsje op €3000,-?”

Mei memmedei jaan kin ek fansels!

Âld-SDS-leden om útens
Moai om te sjen dat der safolle âld-SDS-leden om útens harren noch altiten by SDS belutsen fiele. Wy komme by de ferkochte lotten hiel wat âld-SDS’ers tsjin lykas û.o. Kees Adema út Amsterdam, Jan Keuning út Drylts, Tamme Posthumus út Heerenveen.

Per sé foar 30 april?
Alle fuotbaljende SDS-leden hawwe lotten krigen en waarden dêrby frege om foar 30 april it jild yn te leverjen. Dit jild fansels allinnich as je alle lotten ferkocht hawwe. Hawwe je noch net alle lotten ferkocht dan joue wy jim noch twa wiken om de lotten te ferkeapjen. Dan meie jim se dus ynleverje foar 14 maaie.

Spesjale lotten te keap!
Foar de échte leafhawwer hawwe wy noch in setsje spesjale SDS-keunstgerslotten lizzen. It giet om de nûmers 1 oan ’t en mei 10. Wy witte fansels net as it gelok bringt, mar it is wol spesjaal. Wa ’t it earst €100,- bied mei se hawwe. Maile nei info@vv-sds.nl!


Prinses Beatrix
No ’t prinses Beatrix moarn op Keningsdei net nei Dordrecht hoecht tinke wy dat se efkes de doaren by del giet mei SDS-keunstgerslotten: