Ut- en ferslaggen 25-4

Weppers en seleksjes
23 april 2015
Weppers snein 26-4
25 april 2015

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje deútslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700. 
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!
Graach sels!

       
09:00 SDS D1 Scharnegoutum D1  3-2
09:00 SDS E1 Heeg E1  2-3
09:00 SDS E4 LSC 1890 E7  3-0
10:10 SDS F2 Arum F2  1-3
10:30 Minileaugue    
10:25 SDS C1 Makkum C1  2-3
12:00 SDS A1 MKV’29 A1  2-2
13:00 SDS MD1 Blauw Wit ’34 MD2  4-1
14:30 SDS 1 Waterpoort Boys 1  1-2
14:30 SDS 4 Franeker SC 5  1-2
08:30 SC Berlikum D2 SDS D2  2-2
09:00 SC Bolsward F3 SDS F1  3-14
10:00 TOP’63 F2 SDS F3G  0-7
10:15 RES E2 SDS E2  2-3
10:15 SC Bolsward E5 SDS E5  6-2
11:15 Scharnegoutum’70 C2 SDS C2  4-2
11:15 Tzum D1 SDS D3  1-1
9:00 Workum E5 SDS E3  1-7
12:30 Dronrijp/Foarut B3 SDS B2  0-2
12:30 Oudega 2 SDS 5  1-1

SDS 1 – WPB 1
Fanôf minút 1 liet WPB sjen dat se graach yn de tredde klasse bliuwe wolle en dat se miskien ek noch wol yn de neikompetysje meidwaan wolle.  De Snitsers wiene de boppelizzende partij op inkele mominten nei. De earste helte koe SDS de skea beheine mar foardat alle publyk nei de thee wer oan de line stie, wie it al 0-1. It waard ek noch 0-2 en WPB like de wedstriid maklik út te fuotbaljen.
It waard lykwols troch in strafskop fan Hendrik de Jong 1-2 en SDS lei dêrnei doe iets mear fjoer en pit yn it spul om it 11de gelikense spul binnen te heljen. Dat slagge net. Dat de seleksje fan SDS 1 wat oan de smelle kant liket te wêzen op dit momint waard dúdlik troch de bankbesetting: in A-junior en B junior dy’t beide al fuotballe hiene. En dat wylst it twadde frij wie……
Bij WPB hawwe se it mei harren eigen eagen
sa sjoen.

SDS 4 – SC Franeker 5  1-2
Dat wie foaral de striid fan Bertus Procee (dy fan de Jumbo) tsjin SDS 4. Bertus hie goeie kompanen útsocht sa’t it liket, want hij sleepte der in 1-2 oerwinning út. De doelpuntenmakker fan SDS is ús net bekend, dy fan Frjentsjer kin ús neat skele.

Oudega 2 – SDS 5
It waard in 1-1 dêr yn Aldegea. Doelpuntenmakker Sytze Hibma.

SDS A1 – MKV A1    2-2
De A’s zijn na het gelijke spel van gisteren, door de winst van de grootste concurrent, nog niet veilig voor degradatie.
In een rommelige wedstrijd, bol van de spanning, dus logischer wijs geen goed voetbal, kwamen we niet verder dan 2-2.
De eerste helft voetbalde het al wel veilige MKV makkelijker, en kwamen in de 14e min op een 0-1 voorsprong. Tijd zat nog om het recht te zetten, alleen winst vandaag zou betekenen dat we veilig waren.
Maar het lukte niet, de al weken goed spelende achterhoede kwam niet aan opbouwen toe, MKV stoorde dat goed, en dus werd het lastig een fatsoenlijke aanval op te zetten.
Onrustig spel, slordig balverlies, elke 2e bal verliezend en de spanning maakte dat het een ruststand werd van 0-1.
Het geloof was er absoluut in de rust, dus vol goede moed, met een paar wissels, aan de 2e helft begonnen.
Tot aan de 70e min werd het spel iets beter, nog steeds erg onrustig, maar enkele kleine kansjes kregen we wel.
In de 71e min kregen we een penalty wegens “vasthouden” in de 16. Weinig commentaar van de spelers van MKV, dus dan is het meestal wel duidelijk dat de scheidsrechter gelijk heeft, maar daar dacht de “leiding” van MKV anders over.
‘Respect” voor de scheidsrechter was even ver te zoeken, en het is maar goed dan Friso niet alles gehoord heeft wat er dan geroepen wordt.
Wiebe schoot de penalty overigens zeer beheerst binnen.
Plots was er weer geloof, maar helaas scoorde MKV door een beetje onoplettendheid achterin na 5 min alweer de 1-2.
Het voetbal werd niet beter, de inzet des te meer en diep in blessure tijd scoorde Jelle Jan, na een goede pass van de zeer hard werkende Pieter S zeeeeer fraai en snoeihard de toch wel verdiende 2-2.
Mannen, volgende week moeten we dus weer vol aan de bak, de laatste wedstrijd moeten we winnen om nog een jaar 1e klas te spelen, met deze inzet moet dat toch zeker slagen.
En net als de afgelopen weken een woord van dank naar de B’s die weer present waren, klasse!!
Boudewijn

SDS D1 – Skearnegoutum D1 :   3 – 2
De mannen fan D1 hiene in drokke wike han. Neist 2x traine hiene se ek noch in jun foar de klub oan ‘t drop ferkeapjen west yn Mantgum en Jorwert. Ja, en der stie net samar in wedstriid op ’t programma. It wie in echte streekderby tsjin “angst-gengner“ Skearnegoutum. Mar der binne fan die dagen dat je sneontemoarns wekker wurde en tinke; dit koe wolris in bysundere dei wurde. Undanks de stress fan in hiele lette ofmelding,  hie ik der einliks best wol in goed gefoel oer. Wiltsje hie freedtemidje fjouwer kiezen lutsten, mar wie gelokkich fit. We hiene dit seizoen twa kear earder spyle tsjin Skearnegoutum, ien kear foar de beker en ien kear ut yn ‘e kompetysje. Beide kearen krekt ferlern en hoe dit gongen wie, ha jim destiids yn ‘e ferslagen wol leze kinnen. Om healwei njoggenen kamen us gasten ut Skearnegoutum oan en it werom sjen mei myn kollege-trainer ut Skearnegoutum wie goed, sa at it heart. Foar de wedstriid hiene we mei elkoar de saken goed trochpraten. Eltsenien wist syn taak en it belang fan dizze wedstriid wie by elts wol dudlik. En at dat om 9.00 oere it fluitsje fan de skiedsrjochter giet, moatte de jongens it dwaan. We meie hjir wol sprekke fan in dreamstart. De earste de beste oanfal is ’t al raak. Mei in moaie kombinaasje wurd Anco op links fryspyle en jout de bal op maat foar wernei Tjitse de bal yn ien kear op ‘e pantoffel nimt, 1 – 0. It stie goed en mei in geweldige ynset wurde der ek hiel goed fuotballe. Hielendal terjochte makke Stan der nei 10 minuten ek noch 2 – 0 fan. In pear kear kamen we ek goed fuort, want de foarhoede fan Skearnegoutum bliuwt libbensgefaarlik. Dochs kamen sy net in hun spul en dat wie us fertsjinste. Under oanfiering fan de sterk spyljende Douwe Jan hiene we it middenfjild yn hannen en wie eltse twadde bal foar us. Spitich genoch kaam Skearnegoutum op 2 – 1 troch in fout by us efterien. It sil toch net wer tinke je dan. Nee net wer, dat toch ek Tjerk. Mei in snoeihurd skot yn ‘e krusing makke hy foar rest de 3 – 1. Yn ‘e rest hiene we ofpraat om rust yn ’t spul te halden en foaral de earste minuten fan de twadde helte goed troch te kommen. Frjemd genoch slagget dit dan net en troch wat foutsjes en minder skerpte fan us kant, krige Skearnegoutum wat kansen. We krigen noch wol in grutte kans op 4 – 1, mar de bal gie krekt nest. Healwei de 2e helte makke Skearnegoutum de oanslutingstreffer. It goeie fuotbal fan de earste helte wie der net mear, mar striid en de wil om te winnen wie der wol. Pittige, mar earlike duels wurden utfochten. It bliuwde tige spannend oan ’t  lest ta. Fiif minuten foar tiid moasten we ek noch mei 10 man fierder. Bartle wurde der utstjoerd, nei myn idee unterjochte. Om 10.10 oere fluitte de skiedsrochter of en wie de bliidskip by de jongens fan SDS fansels grut. Mar seker ek by my, want wat is der no moaier dan sportieve revanche. Ik bin der hiel grutsk op wat de jongens hjoed sjen litten ha. Nye wike ut tsjin Easterlittens. Mei dizze ynset en dit fuotbal……..              soe it dan wer sa’n moaie sneon wurde ?  We sille it sjen !!!!!
Theo.

Efkes Balje
Je sille der mar net west ha juster troch in hamstringblessure, troch in wrakke knibbel, troch in muzikale jûn of noch slimmer troch in bierke. In legendaryske jûn want Efkes Balje wie juster yn Easterein op gers.
It B fjild giet tiisdei oer de kop en it like de Efkes Ballers ta dat der neat te ferknoeien wie en boppedat is de sânbak net goed foar harren om de technyk der goed útkomme te litten. 
K3 mei dan wol net mear bestean of ophâlde, op dizze jûn wie it K4 tsjin K5. It bettere fuotbal fan K4 makke yn de grutte partij it ferskil. Taktysk goed fuotbaljend en hieltyd op tiid werom om der foar te soargjen dat de traach opbouwende K5 it doel mar lestich fine koe.
Mei 14-7 wie it ferskil grut genôch en it wie wer de fraach at de hesjes wol goed údield wiene. Mar dan is dêr de klokslachhealweinjoggenenfinale. Dy kin soms alles noch moaier, slimmer of goed meitsje.
It waard it lêste. In 2-1 oerwinning foar K5, mei de winnende fan Sipke.
K4: Theo, Wouter, Chiel, Tjerk
K5: Pieter, Hendrikus, Sipke, Harry en Aant
(ah)