Weppers snein 25-9-2022

Sneon 24-9-2022
23 september 2022
Foto’s SDS 1 – Scharnegoutum 1
25 september 2022

Earste balkontakt

Kevin den Haan makke juster in ûnferjitlijk kompetysjedebút by SDS 1. Nei 3 minuten skoorde hy knap by syn alderearste balkontakt. In jongensdream.

Pupillen fan de wike

Sven Sijbesma en Harmen Joustra wienen sneon de pupillen fan de wike. Sy hienen in alderaardichste middei en gienen nei de wedstriid noch efkes op de foto mei harren favoriten. Harmen by Jaap Toering op de skouders en Sven by Lourens van der Pol.

Seleksjefoto

Henk Bootsma sette sneon SDS 1 ien wer kreas op ‘e plaat.

Is it net in plaatsje?

Bep Bakhuys of Robin van Persie

Henk Bootsma makke sneon wer prachtige foto’s. Dit foenen wy de moaiste. Lourens van der Pol as Bep Bakhuys of mear Robin van Persie? Spitich genôch gie de bal krekt neist.

Alle foto’s fan Henk Bootsma binne te finen op syn Facebookside.

Falske start

Sa ’n earste kompetysjewedstriid moat altiten wer efkes wenne. SDS 3 stie klear yn Easterein om nei Stiens te fertrekken. Elkenien wie der, de ballen, de bidons en de tas mei sjurts en broekjes wie der, dus der koe neat mis gean. Sa like it, want oankommen yn Stiens bliken de sjurts en de ballen noch op it parkearplak yn Easterein te stean…

Dan sa mar…….

Falske start (2)

Lokkich woe de jeugd fan sc Stiens JO19 SDS 3 wol helpe en stienen sy nei harren eigen wedstriid harren sjurts en broekjes ôf oan SDS 3. Dizze koenen moai binnenstebûten.

Psalm 23

Hendrik de Jong skoorde juster ek by syn earste balkontakt. Hy foel yn en makke sa yn de 85e minút syn 116e doelpunt foar SDS 1. Doe ’t wy nei de wedstriid syn nije fuotbalskuon seagen kamen wy der efter dat hy hjir net allinnich ferantwurdlijk foar wie.

Stypje SDS mei help fan Rabo-ClubSupport

Jim kinne SDS noch altiten stypje mei help fan Rabo-ClubSupport. Sjoch hjir. Dit kin noch oant tiisdei.

Geloksdei

It like juster wol bofkontsneon by Jumbo-Kooistra yn Wommels! Je winne noch earder de lotterij!

 

Harsens derby (2093)

Dit binne de echte spitsen! Sels tidens it ‘reanimeren’ noch efkes in doelpuntsje meipikke.