Weppers snein 25-5

Utslaggen 4-5
23 mei 2014
Weppers moandei 26-5
25 mei 2014

SDS F1 nei Haren
SDS F1 sil sneon nei Haren foar de bekerfinales. Sy sille tegeare mei RES F1 yn de bys dy kant op. De bus fertrekt om 8.00 út Easterein wei. Wa ’t graach mei wol te sjen kin him opjaan by Folkert-Rients Vellinga(folkertenelbrich@gmail.com of 0620031647). De kosten binne 5 euro p.p. It bekerprogramma sneon duorret fan 10.00-13.15.

Gjin kampioen, wol medalje

SDS F3G wurden gjin kampioen. Mar dochs krygen se in medaille fan it publik foar dit bysunder seizoen. Betankt lieder Herman vd Weg en trainer Theo Postma. En naturlik de spielers; Mare, Minke, Elbrich, Nynke, David, Milan, Ruben en Pieter. De spielers har der in prachtig team fan makke. Wer in protte plesier fan of straalde. In moaie medaille wie dan ek mear as fertsjinne.

Skiedsrjochtertalint
Yn it AD stie in artikel oer Bjorn Kuipers dy’t justerjûn de CL finale fluite. Der wurdt yn dat artikel ek oanjûn dat hij it al betiid yn de fingers hie. Sa wie hij grinsrjochter bij in wedstriid dy’t folslein út de hân rûn en wêr’t hij as jong broekje optrede. It artikel is aardich om te lêzen it filmke is in foarbyld fan dom fuotbalgeweld. Sjoch
hjir

Marco
Marco Hoekstra is der juster mei syn Scharnegoutum krekt net yn slagge om te promofearjen. Yn in knotsgekke en spannende wedstriid waard it 4-5 foar Droegeham.

Dronryp
Hjoed de beslissing yn 3A sneinsfuotbal. Of is de beslissing der al. Littens wûn mei 3-0 en no moatte Tsjalling en syn fuotbalmaten fan Dronryp hjoed hiel wat goed meitsje. Sneinsfuotbal begjin om 14.00 oere.

Harsens derby(1282)
Ho!

Worst miss ever door reddevil365