Weppers snein 25-10

Ferslaggen sneon 25-10
24 oktober 2008
Weppers moandei 27-10
26 oktober 2008

Wedstrydferslaggen
Fan de juster spile wedstriden binne der al wat ferslaggen makke. Jim kinne se
hjir sjen.

Andre Bons
It wie de wike
fan André Bons fan Boalsert. André Bons fan Boalsert wa is dat sille jim sizze.
Wij sille it jim útlizze. André fuotballet yn de seal bij SDS 3. Dat docht er mei in soad wille en dizze wike skoarde hij in doelpunt. Hij wie sa bliid as in protter.
Sneons fuotballet André bij RES 5 en dy moasten tsjin SDS 4. SDS 4 wûn mar André skoarde al wer.
En ta einbeslút pakte André nei dy wedstryd de fluit en hij fluite SDS 5 – Trynwâldster Boys 4. Fluitsjen is tsjintwurdich net maklik mar André die it prima.

Bij SDS 4 seagen se it gefaar André goed. Hij hie mandekking fan 4 man.

Harm Jan
 
Dat fine wij no leuk dat ploechgenoaten bij ús komme en
oan jouwe dat wij skriuwe moatte dat Harm Jan Kamstra geweldich keept hat sneon bij A1. Dat mei wolris sein wurde.
Reaksje fan Klaas Pompstra:
Yndie!
Harm Jan hat geweldich keept (sjoch sneinswepperkes)
Dat kaam mei troch syn ploechgenoaten.
Allegear striid en ynset!

Kwyt
Wij binne wend dat wij altyd in folslein ferslach krije fan Klaas Pompstra oer de wedstryd fan A1. Lykwols: hij is syn oantekenboekje kwyt. At immen it lizzen sjoen hat yn of bij de kantine dan soe Klaas it graach wer ha wolle.

Nico Ruiter
Nico Ruiter fan Wommels, de heit fan Hjalmar (SDS 2)  en Thor (B1) en de sponser fan SDS 2, hat in bizar ûngemak hân en leit yn it sikenhûs yn Grins. Hij sil dêr noch in skofke bliuwe moatte is de ferwachting. It is fansels aardich om in kaartsje te stjoeren:
It adres is
Universitair Medisch Centrum Groningen
Afdeling C3
Hanzeplein 1
9713 GZ Groningen

Harm Auke
Harm Auke en Aant kinne it yn en bûten it fjild altyd goed meielkoar fine. Doe’t Aant sneon neitrape waard en dêr fan sei tsjin sa’n reus út de Trynwâlden, bemuoide Harm him der ek efkes mei. “Kom net oan dit âldtsje”, sei der tsjin de man út de Trynwâlden dy’t in heale meter grutter wie as Harm. Wat triuwerij wie de skeids net ûntgien en beide hearen mochten efkes bekomme yn de dugout.  En troch dizze “taktyske” set waard de angel út de ploech fan de gasthearen helle. En Harm Auke koe efkes bekomme….

Teken van libben
Trije man fan SDS 5 binne dit wykein fuort te fiskjen. Klaas Kamstra, Marco Hoekstra en Piet Kempe sieten yn de buert fan Eanjum oeren nei harren kurk te sjen. Sneontemiddei let krigen wij gelokkich in teken fan libben. Klaas woe efkes heare at Jappie de nul holden hie en wist fierders te fertellen dat sij in walfisk fongen hiene, trije lekkerbekjes en noch wat rikke iel. Alteast sa ferstiene wij dat yn in lûdroftige kantine. Wij hoopje dat se de nacht dêr goed trochbrocht hawwe en feilich werom út it pension yn Eanjum komme. En dat kin net
elkenien sizze.

Jan Bouke en Simone

De froulju fan DA1 wolle Jan Bouke lokwinskje mei it beheljen fan syn skiedsrjochterpapieren sneon!
En Simone stoppet dermei, tige tank foar alles!
Groetnis,
De froulju van DA1

Beetje voorbarig
Lees ik zondag op de site dat Jan Bouke Bouma zijn scheidsrechterspapieren al gehaald heeft!!!
Was het maar zo ver zal Jan Bouke zelf gedacht hebben. We zitten nu halverwege de kursus in Makkum, en moeten nog 3 avonden “blokken”. Pas eind november kunnen we pas eten of we geslaagd zijn.
Groetjes, Andre Vink 
Scheidsrechterscoordinator SDS.


BAM!!!