Weppers moandei 27-10

Weppers snein 25-10
25 oktober 2008
Weppers tiisdei 28-10
27 oktober 2008

WPB 1 – SDS 1
Tiisdeitejûn om 20.00 oere wurdt de wedstriid WPB 1- SDS 1 útspile. Op it Schuttersveld yn Snits begjint de wedstryd mei in 0-2 tuskenstân. Hoe’t it allegear presys sit kinne jim yn dizze brief fan de KNVB lêze:


Seleksje SDS foar de wedstryd tsjin WPB
Tiisdei 28 okt. WPB – SDS oanfang 20.00 oere.
Fertrek 18.45 oere.
Jaap, Jacob Klaas, Tsjeard, Anne, Henk, Tsjipke, Erik, Arnoud, Dirk Yde, , Mark, Robert Tsjalling, Skelte, Feiko, Durk en Marten
Geblesseerd: Hendrik, Arjen en Harm
Geschorst: /
Toeschouwers: Redmer en Syb
Afwezig: Jildert, Floris en Jelmer

Fan herte lokwinske!
Gert-Jan Hiemstra is hjoed 34 jier wurden. Fan herte lokwinske! Klik hjir om him ek lok te winskjen!

Op wurkbesite

At je de buorden op de foargrûn net sjen soene, dat wie it in aardige fraach west wat dit foarstelle moat. Henk Bootsma wie yn de Arena yn Amsterdam en seach mei eigen eagen hoe’t se dêr gers groeie litte. En oan de kant steane grutte fentilatoren sadat der in frisse wyn troch de Arena blaasd. No de resultaten noch…..

Ynterlân
Wij hawwe begrepen dat er tongersdeitejûn ferskillende froulju fan SDS nei Volendam sille om de ynterlânwedstryd Nederlân – Spanje bij te wenjen.
De earste wedstryd tusken beide lânen waard it sensasjoniele oerwinning foar Oranje. In gelykspul is dus genôch foar kwalifikaasje.

Voetballiefhebbers, 
Donderdagavond 30 okt. gaan er 14 fanatieke sportliefhebbers/sters naar volendam. Voor de wedstrijd van de dames van Oranje.
We vertrekken om 18:00 stipt vanaf het parkeerterrein bij SDS en om 18:10 vanaf de brandweerkazerne in Wommels. Neem warme kleding mee, toeters en bellen en veel oranje en vergeet niet om eerst even de 5 euro af te rekkenen. 
GRAAG NOG 2 CHAUFEURS GEVRAAGD DIE GRATIS MEE WILLEN.
Even doorgeven aan Andre Vink 333134 of 06-25497928 of via de mail
famviea@hetnet.nl

Feyenoord-Heerenveen
In Feyenoord supporter mei in rom Frysk hert hat it altyd dreech bij in wedstryd as Feyenoord-sc Heerenveen. Hij wurdt hin en wer slingere tusken twa gefoelens. Dan is in útslach fan 2-2 miskien wol it beste. As Feyenoord supporter soe ik sizze wolle: Sollied, tige tank foar it feit dat jo Vandenbussche dochs wer opsteld ha sadat dy de gelegenheid krige om wer twa hâldbere ballen gean te litten, tige tank foar it feit dat je Popov wer ynbrochten, in man dy’t net sjen lit dat hij fuotbalje kin en ta beslút tige tank foar it ynbringen fan Kalou. Luier haw ik se noch nea sjoen bij de pompeblêdeklup.
Aant

Gjin ferstân fan fuotbaljen……..
Yn de Jimbar sieten juster in bult minsken te sjen nei Feyenoord – SC Heerenveen. Net eltsenien hat yn de Jimbar like folle ferstân fan fuotbaljen. “As Janota der yn komt by Feyenoord dan kin Jehannes Nauta der like goed yn”.

Mear ferstân fan………..
Net eltsenien yn de Jimbar hie juster dus ferstân fan fuotbaljen. Sokken hawwe wer oare kwaliteiten. “Hoe kin Feyenoord no mei Fortis op it sjurt spylje? Dêr moat eins stean: NSB……..Nederlandse Staats-Bank……”

De Boer
Sneon heard op it fuotbalfjild yn Easterein in moaie konfersaasje tusken Rients de Boer en syn suske Selma;”Ik fyn dat Ajax-sjurtsje fan Tom moaier as dy fan dy, Rients”. “Dat komt om ’t myn Ajax-sjurtsje nea útwosken wurdt”. “Mar do smyst it dochs wol yn de waskoer?” “Jawol, mar dêr hellet mem him dan wer út en dan fouwt se him op en leit se him wer yn de kast…………..”
Wy hoopje mar dat Rients syn mem dit net docht mei heit Eddy syn ûnderbroeken………..

Beetje voorbarig,
Lees ik zondag op de site dat Jan Bouke Bouma zijn scheidsrechterspapieren al gehaald heeft!!!
Was het maar zo ver zal Jan Bouke zelf gedacht hebben. We zitten nu halverwege de kursus in Makkum, en moeten nog 3 avonden “blokken”. Pas eind november kunnen we weten of we geslaagd zijn. 
Groetjes, Andre Vink
Scheidsrechterscoordinator SDS.

Mis
Dizze supporter grypt ek aardich mis: