Weppers snein 23-10

Utslaggen sneon 22 oktober
21 oktober 2011
It Meinte-Sixma-toernoai!
24 oktober 2011

Utslaggen
De útslaggen fan juster en koarte ferslaggen kinne jim hjir fine.

HELP E1 AAN EEN TEAMAUTO

Van VVN is er een ontwerpwedstrijd geweest waar je als jonge sporters een auto kon ontwerpen en zo voor je team een jaar een team auto kan winnen.
Onder het motto;
Veilig uit en thuis
Er zijn 200 ontwerpen uitgeselecteerd en daar kan op gestemd worden.
Kent v.d. Schaar is een van de genomineerden. Dus ga snel naar
deze site
  en stem op de SDS auto. (iedere dag weer)
Dit kan nog zo’n 11 dagen en dan wordt de winnaar bekend gemaakt.
Dus help E1 aan een echte team auto.

Harkemase Boys en SDS
It programma boekje fan Harkemase Boys joech tongersdei ek in oersicht fan de de sportive skiednis tusken beide ploegen. Jan van Asselt beseach dy standen en kaam ta de konkluuzje  dat SDS 2 kear wûn hie, 4 kear gelyk spile hie en 1 kear ferlern hie.  Philippus Hingst seach it no efkes nei, sa’t it in âld skoalmaster dat noch altiten goed kin en hij ynformearde ús. Mei de wedstriid fan tongersdei is alles wer yn evenwicht. 

Strafskop Tsjipke

SDS1 spile sneon foar in wike tsjin ONT en krige in strafskop. Atze Veldstra fan Wommels sette it ultime momint op de foto dat SDS doe op 2-1 kaam.

Fûl
Tidens de wedstriid Da 1 wie der krekt foar tiid in blessurebehanneling. Tiid om efkes wat te drinken tocht Antsje Stenekes. Mar ek tiid om lieder Theo witte te litten dat hij mei dizze stân (5-3 foar) gjin “risikofolle wiksels” dwaan moast, want dizze punten moasten yn Easterein bliuwe. En Theo harke goed nei Antsje, der waard net mear wiksele.
 

Barcelona
Boudewijn en Elmar Kramer wiene dit wykein yn Barcelona en sij seagen in wedstriid tsjin Sevilla dy’t begong en einige yn de brilstân, mar wêr’t fan alles barde. Fansels hoopje wij dat se ús nije wike ferrasse mei foto’s fan Boudewijn mei Guardiola en Elmar mei Messi.

Meinte Sixmatoernooi
Juster wie it Meinte Sixmatoernooi. Ien fan de pakes makke foto’s en dy kinne jim
hjir sjen.

Letter mooglik mear