Weppers snein 23-1

Weppers sneon 22-1
21 januari 2011
Weppers moandei 24-1
24 januari 2011

SDS te let op gong
At ik mij ferliede sil ta skoareboerdsjoernalisyk dan soe ik skriuwe moatte dat SDS juster fuortspile is troch Zeerobben. Dat doch ik dus net. Want it wie Zeerobben dat ferdomd goed gebrûk makke fan de romte dy’t der ûntstie nei in SDS oanfal, dy selde romte dy’t der wie nei in korner en troch yndividuele flaters. En lit ús earlik wêze de kânsen dy’t Zeerobben krige waarden dan ek gelyk goed ôfmakke. Yn it skoft wiene der noch historisi dy’t wisten dat SDS ea in 0-3 efterstân goed makke hie, mar it optimisme om 0-4 goed te meitsjen wie der net.
Twadde helte sette SDS wol goeie oanfallen op, krige ek goeie kânsen mar it wie dochs Zeerobben dat op 0-5 kaam. Binnen 4 minuten skoarden Jelmer en Jacob om der noch wat in draachliker stân fan te meitsjen, mar it slotakkoard wie foar Zeerobben. In terjochte oerwinning foar de seunen. De sportive wedstriid waard prima lieden troch skiedsrjochter Smedes.
Aant

Ferslach
In ferslach fan dizze wedstriid sjoen mei Zeerobben glêzen yn de bril kinne jim
hjir lêze. En op de bijhearende foto’s kleuret in flink giel en ek noch wat grien.

Pupillen fan de wike

Mark Klijnsma fan E4 wie juster pupil fan de wike en hij woe mei Tsjipke Klaas op de foto.


Steven van der Pol fan E3 dy keas Skelte Anema út.

SDS B1 ûnderút
SDS B1 oefene juster út tsjin Dronryp B1. Sy ferlearen mei 6-0. Tsjalling Sikma wees ús op in stikje op de webside fan vv Dronryp. It stikje is miskien al wat kleurd(klik
hjir).

Sealtraine (1)
De SDS-froulju traine woansdei yn de seal fan 20.30 oan ’t 21.30. Allegear efkes in eurootsje meinimme.

Sealtraine (2)
SDS 4,5 en 6 traine woansdei yn de seal fan 21.30 oan ’t 22.30. Allegear efkes in eurootsje meinimme.

Minne sneon
It wie juster dúdlik net in noflike sneon foar de SDS-keepers. Jaap Toering foel nei 2 minuten út by SDS 1 mei in harsensskodding, Marten Faber krige dêrnei 6 goals om de earen en Sjoerd van Beem hie mei SDS 2 wol de nul yn Makkum, mar wie hielendal ferklomme……..

Seizoen 2011-2012
Set mar fêst yn de aginda dat it seizoen 2011-2012 foar SDS begjint op sneon 3 septimber. De Topklassen begjinne op sneon 20 augustus (klik hjir).

Kicking and Screening voetbalfilmfestival
It is dat de iene wepmaster yn de nachttsjinst sit en de oare sa nedich juster nei Ten Years After moast en fannemiddei nei “Neill Young” yn de Jimbar, want oars hienen sy beide it hiele wykein yn Amsterdam sitten. By
de film.

Harsens derby (383)
Der binne fuotballers dy smare harren fuotten foar it fuotbaljen hielendal yn mei faseline. Wy soenen it net dwaan: