Weppers sneon 22-1

Weppers freed 21-1
20 januari 2011
Weppers snein 23-1
23 januari 2011

SDS 1 – Zeerobben 1
SDS 1 hat hjoed fuotballe tsjin Zeerobben 1. It waard 2-6. Moarn mear

Makkum 2 – SDS 2
Dizze wedstriid einige yn 0-0

En de rest?
Yn de 2e-Klasse wurdt hjoed in folledich programma fuotballe lykas yn de measte oare standaardklassen, mar wannear begjinne de rest fan de senioaren dan?
26 febrewaris meie de rest fan de senioaren los mei in ynhelronde. Neffens ús ynformaasje mei de jeugd los op 5 maart. 

Klinik
Neffens ús aginda hawwe de D-pupillen hjoed in klinik yn de sporthal.

Útslach klaverjassen
Wy krigen ek noch efkes de útslach binnen fan it klaverjassen fan ôfr6une tongersdei:
1ste Uiltje Bouma mei 5055 pnt. 
2de Anny Sjaarda mei 5025 pnt
3de Siemon Kingma mei 5014 pnt.
Folgende kaartjûn is 17 febrewaris. 
Oant dan.
Anny

RES-sealtoernoai
RES bestiet dit jier 75 jier. Om dit te fieren hawwe sy dit jier ferskeidene aktiviteiten. Jûn hawwe sy in sealtoernoai wêr ’t û.o. RES, Exstador, ZVF en in “All-Star-team” út Boalsert oan meidogge, mar ek topsealfuotbalklup FC Marlène(ûnder 21) út Heerhugowaard. Avanti hat ôfsein. De sealfuotballers fan SDS 1 waarden noch frege, mar de helte moat fannemiddei al fuotbalje en de helte is op wintersport.

Sa min?

De iene wepmaster, dy fan Ajax lêst de Rotterdamse krante it AD. De oare wepmaster, dy fan Feyenoord lêst de Amsterdamse krante Het Parool. En yn dy krante stie tongersdei in karakteristyk fan Ajax Feyenoord. Mei in beoardieling fan de prestaasje fan de spilers. Fan dy fan Ajax allinne dus…….

Harsens derby (382)
It duorret efkes, mar hy hinget al:


Letter miskien wol mear!