Weppers snein 22-4-2018

Sneon 21-4-2018
20 april 2018
Weppers moandei 23-4-2018
23 april 2018

Debút

Robin van der Weg spilet yn de JO19-1 en mocht nei mei de JO19-1 mei 1-0 wûn te hawwen fan IJVC/Blauwhuis JO19-1, de twadde helte by SDS 1 op de bank sitte. De lêste 10 minuten fan de wedstriid kaam hy der yn foar Hendrik de Jong. Yn de jierren 90 spile syn omke Klaas van der Weg noch wolris yn SDS 1 en dy skoorde ek noch wolris.

Yn de tiid dat it noch SOS wie…………. 😉

Debút (2)

Wierd Hofstra fan de JO19-1 makke ferline wike syn debút yn SDS 1 en soe no ek wer mei, wie it net dat hy blesseard rekke. Dat betsjutte dat Luuk van der Schaar mei mocht en ek lyk syn debút meitsje mocht. De lêste 5 minuten mocht hy de wurch striden Lourens van der Pol ferfange en de 3 punten oer de streep lûke. It is ús net bekend as der ea earder in Van der Schaar yn SDS 1 balle hat.

Op nei de 100!

Hendrik de Jong skoorde sneon twa kear foar SDS 1 út by NOK. Dat betsjut dat hy no op 99 goals yn SDS 1 stiet. As it oan Hendrik leit dan makket hy dit seizoen de 100 noch fol!

Ynhelje

SDS 1 mei sneon ynhelje út by De Wâlde. Dêrnei binne sy sneon 5 maaie frij om ’t sy dan hielendal by binne mei it tal wedstriden. Der binne ek klups yn de 3e-Klasse A dy ’t net hielendal by binne en tiisdeis ek fuotbalje meie. Kommende tiisdei is der it folgende programma:
19.00 oere
Nijland – DWP
Bant – NOK
20.00 oere
QVC – De Wâlde
Willemsoord – TOP (ien helte by in stân fan 0-1)

Adreswiziging

Binne je koartlyn ferhúze of krije je gjin Treffer wylst je wol rjocht op ien hawwe soenen je dan je adres maile wolle nei info@vv-sds.nl. Alfêst tige by tige!

Harsens derby (2014)

Theo Maassen sil wol net de nije boargemaster fan Amsterdam wurde.